Bern dogge kat-en-mûs-spultsje foar bettere bân mei plysje op Skylge

De 75 bern ûnderweis nei de start © Omroep Zilt, Lennard Geerts
In rûte ôflizze oer it eilân en út hannen bliuwe fan de plysje. Dat wie de opdracht by it spul Hunted op Skylge dit wykein. Yn in fel oranje pak giene 75 bern fan groep 8 oant en mei de 4e klasse as boeven de strjitte op.
De bern moasten op syk nei fjouwer stimpels en dan wer feilich werom nei de start. Mar tolve plysjes yn auto's, op fytsen en rinnend besochten de pubers te pakken te krijen. It spul waard organisearre troch Stichting Jeugdwerk Terschelling en de plysje op it eilân.
Jesse Norden fan plysje Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Het idee is dat ze op het eiland vier stempels gaan halen en zonder getikt te worden door de politie weer terugkomen bij de eindlocatie", leit Skylger plysje Jesse Norden út.
Om't de bern de stimpels nedich hawwe, moatte se wol ferpleatse oer it eilân. "Dus geen kinderen die zich gaan verstoppen in sloten, in bomen klimmen, noem het maar op. Je moet echt wel je plek verlaten en op zoek naar die stempels en weer terugkomen."

Kontakt mei de jeugd

Uteinlik kamen mar sân bern binnen mei in folle stimpelkaart. De rest waard tikke troch de plysje. "Volgens mij hebben we het heel goed gedaan", fertelt Norden grutsk. "Wel leuk voor het spel dat er ook nog zeven zijn die het wel gered hebben."
Mar dit spul waard net allinnich dien om 't it leuk en spannend is, der siet ek in spesjale reden efter. "Ik merk toch wel dat het heel leuk is om ook contact te hebben met de jeugd en om gezien te worden.
Hunted op Skylge © Terschelling TV
Maar ook op een laagdrempelige manier gewoon bereikbaar en benaderbaar zijn. Dus niet alleen maar komen als er een keer een melding is van geluidsoverlast of jeugdoverlast."
Mei it spul hopet Norden dat de ferbining tusken de eilanners en de plysje better wurdt. "En hoe mooi is het dat je straks als eilander jeugd gewoon goed weet wie de politie hier is?"
Hunted op Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.