Minister jout grien ljocht foar gaswinning boppe Skiermûntseach

It boarplatfoarm yn oanbou © HSM Offshore Energy
De tariedings foar gaswinning boppe Skiermûntseach - dy't in moanne lyn troch de rjochter stilset binne - kinne no dochs trochgean.
Demisjonêr minister Christiane van der Wal (Natuer en Stikstof) seit dat der 'geen bedenkingen' binne tsjin it ôfjaan fan in fergunning, no't gaswinner ONE-Dyas ekstra ynformaasje oanlevere hat oer de wize wêrop't de natoer beskerme wurdt.
De rjochter hie earder sein dat dizze ekstra ynformaasje nedich wie foardat it boarplatfoarm oanlein wurde mocht. Der komme ek piipliedingen en elektrisiteitskabels yn see.
It gasfjild leit 20 kilometer boppe Skiermûntseach © Omrop Fryslân
It wurk giet no sa gau as mooglik wer fierder, meldt ONE-Dyas. It is de bedoeling dat it earste ierdgas fan it nije boarplatfoarm yn desimber fan dit jier beskikber is.
Direkteur Chris de Ruyter van Steveninck fan it gaswinningsbedriuw beklammet dat we op dit stuit net sûnder gas kinne.
"De overgang naar 100% hernieuwbare energie kost tijd. Zolang er nog vraag is naar aardgas, nemen wij samen met de Nederlandse overheid onze verantwoordelijkheid voor eigen productie."
Wynmûnes by it boarplatfoarm © ONE-Dyas
It is goed as dat gas út eigen lân komt, seit de direkteur. "We zijn daarmee minder afhankelijk van landen buiten de EU, houden de ecologische voetafdruk lager en dragen bij aan een weerbare economie."
De gaswinner meldt yn in parseberjocht dat it boarplatfoarm as earste op de Nederlânske Noardsee rjochtstreeks op wynenerzjy draaie sil. "Dit zorgt ervoor dat de emissies bijna nul zijn."
Der kin noch beswier makke wurde tsjin it beslút fan de minister, mar dat kin allinne dien wurde troch deselde partijen dy't dat earder ek al dien ha. Dizze partijen tinke no nei oer in reaksje.
ONE-Dyas wol gas winne út it saneamde gasfjild NO5-A. Dat leit tweintich kilometer noardlik fan Schiermûntseach yn de territoriale wetters fan Nederlân en Dútslân. It bedriuw krige yn 2022 in fergunning fan steatssekretaris Vijlbrief fan Mynbou om dêr gas te winnen. De Dútske dielsteat Nedersaksen joech ek in fergunning ôf.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.