Vape en sosjale media: GGD Fryslân hat noed oer sûnens Fryske jongerein

Twa famkes mei in vape © Shutterstock.com (Aleksandr Yu)
De GGD Fryslân hat grutte noed oer de sûnens fan Fryske jongerein. Nije sifers fan de Gezondheidsmonitor Jeugd 2023 litte sjen dat minder twadde- en fjirdeklassers posityf binne oer harren eigen sûnens yn fergeliking mei oare jierren.
Neffens de GGD is in "gezamenlijke aanpak" needsaaklik. GGD Fryslân sjocht al in skoft dat Fryske jeugd minder posityf is oer harren sûnens.
It persintaazje jongeren dat har sûnens as (tige) goed belibbet is fan 88 prosint (9 op de 10 learlingen) yn 2015 nei 80 prosint gongen (8 op de 10 learlingen) yn 2023.

De effekten fan corona

De delgong komt neffens de GGD troch fermindere mentale sûnens, dy't nei de coronapandemy noch hieltyd net better wurden is. En der is ek in groei fan net sûn gedrach te sjen, lykas vapen en it tefolle brûken fan sosjale media.
De Gezondheidsmonitor Jeugd 2023 waard yn de hjerst fan ferline jier útfierd troch GGD Fryslân yn gearwurking mei it RIVM. Hast 9.100 learlingen út it fuortset ûnderwiis diene mei oan it ûndersyk. De resultaten jouwe troch ferskate jierren mei-inoar te ferlykjen ynsjoch yn ûntwikkelingen troch de tiid.
Neffens Lineke Kleefstra, directeur Publieke Gezondheid fan GGD Fryslân, hat de delgong noch altyd mei corona út te stean.
"Tijdens de coronaperiode waren er veel maatregelen die een negatieve invloed hadden op de gezondheid van jongeren. In die tijd is de gezondheid van jongeren verslechterd en helaas zijn de resultaten sindsdien niet verbeterd of hersteld", seit Kleefstra.
Reels fan Omrop Fryslân kinst nei skoaltiid wer sjen © Omrop Fryslân
Om de (mentale) sûnens te ferbetterjen, is in mienskiplike oanpak nedich wêrby't âlden, skoallen, freonen, sportferieningen, gemeenten, ûnderwiis en wetjouwing gearwurkje moatte, fynt de GGD.
Kleefstra: "Je kunt kinderen niet alléén gezond opvoeden; daarvoor heb je ondersteuning van anderen en een gezonde omgeving nodig. Als GGD leveren we een belangrijke bijdrage aan het bevorderen van de gezondheid van jongeren. Maar willen we echt impact maken, dan vraagt dit een nog stevigere gezamenlijke aanpak."
Binnen de Friese Preventie Aanpak wurkje ferskate partijen mei-inoar gear om de sûnens yn Fryslân te ferbetterjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.