Nije buorlju yn Easterwâlde wolle meidwaan oan maatskippij: "Ik mag niet werken"

Ahmed - Nije buorlju © Omrop Fryslân
It nije regear wol de ynstream fan flechtlingen nei Nederlân beheine. Mar hoe giet it eins mei de minsken dy't hjir al binne en in ferbliuwsfergunning hawwe?
Yn it Rikkingahof yn Easterwâlde binne 190 statushâlders ûnderbrocht. Dat is in folgjende wachtromte, foardat se meidwaan kinne oan de maatskippij.
"Mevrouw, kan het COA een arbeidsbureau benaderen en vertellen over onze situatie?", sa freget in Syryske man oan in meiwurker fan it Centraal Orgaan opvang asielzoekers. "We willen een baan. Het gaat niet om geld. Wij willen een leven opbouwen."
Sjoch hjir nei de dokumintêre oer de opfang fan flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning:
In protte statushâlders hawwe harren nocht fan it lange wachtsjen, dêr't se ek nei it ferkrijen fan in ferbliuwsfergunning noch ta feroardiele binne. Se wolle oan de slach.

19.400 statushâlders wachtsje op hierwente

Mar der is in tekoart oan wenromte yn Nederlân, en dus ek foar harren. It gefolch is dat de trochstream fanút de asylsikersintra stagnearret.
Op it stuit wachtsje 19.400 statushâlders oant se ferhúzje kinne fan in azc nei in hierwenning yn in gemeente. Dan pas kinne se folweadich meidraaie yn ús maatskippij.

Needoplossing

De gemeente Eaststellingwerf en it COA ha yn Easterwâlde in tydlike needoplossing foar dizze groep. It Rikkingahof, eartiids boud as tehûs foar âlderein, sil sloopt wurde. It gebou wurdt sûnt jannewaris brûkt as needopfang foar 190 statushâlders dy't wachtsje op in hierwenning yn Noard-Nederlân.
Foar guon fielt it Rikkingahof as in folgjende wachtkeamer yn harren lange reis nei in nij libben en in eigen húshâlding yn Nederlân.
It Rikkingahof yn Easterwâlde © Omrop Fryslân
De Syriër oan de baly hat syn nocht: "Ik ben elektricien en spreek drie talen. We willen niet nog een jaar verspillen met Nederlands leren of op een huis wachten. Daarna moeten we nog 'inburgeren' en dan kunnen we pas een baan zoeken", seit er moedeleas tsjin de meiwurker fan it COA.
"Het is beter als we nu kunnen beginnen. Wij willen niet van een uitkering leven."
Sommigen zeggen: jullie komen hier en werken niet. Maar ik mag niet werken of naar school.
Mohsen Bakshi út Afganistan
Dizze elektrisien is net de iennige dy't graach oan de slach wol. Mohsen Bakshi, oarspronklik út Afganistan, wennet no al njoggen jier yn ferskate asylsikerssintra. Dêr diele bewenners mei syn twaen of trijen in keammerke. "Ik heb misschien wel meer dan honderd verschillende bedden gehad", seit er.
Hy fielt him ferkeard begrepen. "Sommigen zeggen: jullie komen hier en werken niet. Maar dat mag ik ook niet. Ik mag niet werken of naar school. Ik wil beginnen met inburgeren, maar de gemeente waaraan ik toegewezen ben zegt dat dit niet mag. Eerst krijg ik een huis en dan pas kan ik inburgeren."
De FryslânDOK Nije Buorlju wurdt sneon 25 maaie útstjoerd op NPO 2 om 15.30 en op snein 26 maaie by Omrop Fryslân. Fan 17.00 oere ôf alle oeren.
Sawol Nederlanners as de statushâlders sels wolle dat harren ynboargering sa rap mooglik begjint. Dan kinne se oan it wurk of op in oare wize bydrage oan de maatskippij.
Mar it proses en de ferantwurdlikheid binne ferdield oer ferskate ynstânsjes en oerheden. Yn kombinaasje mei it tekoart oan wenningen hat dat ta gefolch dat guon statushâlders langer wurkleas lâns de kant wachtsje moatte as dat se sels wolle.
Salang't statushâlders noch net ferhuze binne nei in wenning yn in gemeente, kinne guon gemeenten har bygelyks net in ynboargeringkursus oanbiede. "Terwijl ik al die jaren wachten had kunnen gebruiken voor mijn inburgerings- en taalcursus", fersuchtet Mohsen.

'Gelukszoekers' yn it libben

Pieterjan Wouda is de makker fan de dokumintêre Nije Buorlju. Hy hat tweintich jier foar Artsen Sûnder Grinzen wurke en seach wêrom't minsken yn oarlochsgebieten soms alles efterlitte foar in gefaarlike en ûnwisse flecht nei Europa.
"Wa kin harren dat kwea ôf nimme?", freget Wouda him ôf. "Binne net alle minsken op syk nei frede en gelok? Wy binne dochs allegearre 'gelukszoekers' yn it libben?"
Dokumintêremakker Pieterjan Wouda © Omrop Fryslân
Der waard wat krimmenearre yn Easterwâlde doe't de gemeente en it COA mei it idee kamen om it âlde Rikkingahof ien jier te brûken as needopfang foar statushâlders.
"Foar in soad Nederlanners is it dreech om harren ynlibje te kinnen yn dizze minsken", fertelt Wouda. "Mar praatst wol ris mei harren? Nee, der wurdt foaral oer, en net mei harren praat. Wylst yn it nijs en gearkomsten faak de tsjinstanners de mikrofoan krije, woe ik de flechtlingen sels it wurd jaan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.