Sjonge, dûnsje, en in nije Europapa: Joost stiet wer op it poadium

Foar it earst sûnt syn diskwalifikaasje op it Songfestival stie Joost Klein dit wykein wer op it poadium.
Oant no ta hat er noch net ynhâldlik reagearre op de sitewaasje. By it optreden yn Enschede hat er der ek neat oer sein. "Ik weet dat iedereen wacht tot ik iets ga zeggen, maar ik zeg alleen liefde."
Foar syn fans makke dat neat út: Oant fier bûten de tinte stie publyk. It waard ien grut feest.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.