Rekonstruksje: Organisaasje hat 'serieus overwogen' Europaparty ôf te blazen

It feest yn Ljouwert © ANP
De organisaasje fan it Songfestivalfeest yn Ljouwert hat der serieus oer neitocht it evenemint ôf te blazen, doe't dúdlik waard dat der wat oan de hân wie mei Joost Klein.
Dat blykt út petearen dy't Omrop Fryslân hie mei minsken dy't belutsen wiene by it feest. Noch hieltyd is it net dúdlik wat der yn Malmö krekt bard is.
Meidwaan oan it Songfestival wie de dream fan Joost Klein út Britsum. Hy hie him kwalifisearre foar de finale, mar mocht net mear optrede nei in klacht fan in kamerafrou. Hy soe har in kamera út de hannen slein ha.
Neidat dúdlik waard dat Joost Klein ûntbruts by in repetysje foar de finale fan it Songfestival , waard de organisaasje fan de 'Europaparty' yn Ljouwert hinne en wer slingere tusken hoop, eangst, fertriet, en it gefoel fan 'it komt wol goed'.
Joost Klein © EBU/Eurovision, Sarah Louise Bennett
Yn Ljouwert stie alles al klear foar it feest, doe't freedtejûn nei bûten kaam dat de plysje de saak-Joost Klein yn ûndersyk hie.
En wylst de Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok jûns nei alven op Radio 1 sei dat er him net foarstelle koe dat it feest ôfblaasd wurde soe, hold de organisaasje noch serieus rekken mei presys dat senario.
"We wisten toen nog niet wat er aan de hand was", seit Serge Hollander fan de organisaasje. "We hielden er rekening mee dat we het feest moesten afblazen. Dat deed wel pijn."

Alle senario's

"We hielden met alle scenario's rekening, ook met het scenario dat Joost iets had gedaan dat zo erg was, dat een feest niet gepast was", seit Hollander.
In echt beslút wie doe lykwols noch net fallen. "Het nieuws was nog zo vers, we wisten nog niet wat er was gebeurd. We moesten wachten."

Hoop en fertrouwen

It duorre lang foardat der dúdlikheid kaam út Sweden. En mei it wachtsjen groeide de hoop. Hoe langer oft it duorre, hoe mear fertrouwen de organisaasje yn Ljouwert krige dat it feest wol trochgean koe.
As Joost echt wat dien hie dat hiel slim wie, dat wie dat wol gau nei bûten kaam, sa wie de gedachte. "Dan was er wel duidelijkheid geweest." De organisaasje yn Ljouwert koe him eins net foarstelle dat Joost diskwalifisearre wurde soe.
Joost Klein yn de heale finale fan it Songfestival © EBU/Eurovision, Corinne Cumming
Doe't sneon om it middeisoere hinne út Sweden it berjocht kaam, dat de Nederlânske flagge werom hong wie op de klaaikeamer, seach it der nei út dat it goed komme soe. Mar al gau dêrnei kaam de EBU, dy't it Eurovisie Songfestival organisearret, mei in ferklearring.
Tsjin dy tiid hie de organisaasje yn Ljouwert - krekt as de rest fan de wrâld - al mear as 20 oeren yn ûnwissichheid sitten.

Krúsjale ferklearring

Yn de ferklearring melde de EBU dat Joost Klein diskwalifisearre wie, fanwege in 'ynsidint'. Syn gedrach hie yn striid west mei de regels. Direkt dêrnei melde de AVROTROS dat it beslút 'disproportioneel' wie.
Dy ferklearring fan AVROTROS wie krúsjaal foar it trochgean fan it feest yn Ljouwert.
"Dat statement loog er niet om", seit Hollander. "AVROTROS is een solide partner, die we vertrouwen in hun oordeel. Naar onze inschatting was het incident in Zweden niet zwaar genoeg om het evenement in Leeuwarden te schrappen."
Fryske flaggen by it Songfestivalfeest yn Ljouwert © ANP
"Wy binne posityf ynsteld", seit Sipke Jan Bousema fan de organisaasje. "Wy woene Joost stypje. Dit wie syn dream. Guon fine him miskien in frjemde fûgel, mar hy is in keunstner, in bysûndere jonge."
En dus gie it feest gewoan troch.
Boppedat soe Nikkie de Jager noch hieltyd de Nederlânske punten trochjaan út Ljouwert. En, mei in leech plein efter har, soe dat wol wat in nuver byld west ha.

'In dreech momint'

Der is sels noch oer praat om muzyk te draaien, as De Jager yn hiel Europa yn byld wêze soe. "Europapa. Wat my oanbelange hie dat wol kind", seit Bousema.
Mar op it lêste momint luts De Jager har werom. "Dat wie in dreech momint." Yn Ljouwert stie it plein doe al fol mei minsken. Dy koene net mear fuortstjoerd wurde.
In fol plein en teksten fan Joost Klein op de Aldehou © ANP
Der is noch praat oer in oare wize om de Nederlânske punten nei Malmö te krijen. Miskien soe in oar se presintearje kinne. Of miskien koene se op in buordsje skreaun wurde. Mar al gau besleat AVROTROS om út Ljouwert wei hielendal gjin punten mear út te dielen.
"Doe moasten we wol even slikje", seit Bousema. "Dêr hiene we sa'n soad wurk fan hân. Alles stie al klear: de satellytweinen, de kabels, de kamera's."
Ljouwert soe oer de hiele wrâld te sjen wêze. "In pear wiken lyn tochten we noch dat er it wol winne koe. By de bookmakers stie er op it tredde plak. Wy dreamden al fan in Songfestival yn Fryslân. En no dit."

Fearkrêft

Dat der ek sûnder Joost Klein en Nikkie de Jager noch tûzenen minsken nei Ljouwert kamen, docht de organisaasje goed. "Dat had ook heel anders kunnen gaan", seit Hollander.
"Je ha net altyd ynfloed op de omstannichheden", seit Bousema, "mar wol op hoe't je dêrmei omgeane."
"Ik fyn it hiel moai om te sjen hoe't we fan sa'n teloarstelling dochs in feest makke ha. Dat is de fearkrêft fan Fryslân. Ik hoopje dat de fearkrêft fan Joost Klein ek sa grut is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.