Keninginne Máxima iepenet fernijd Museum Hindeloopen
Keninginne Máxima iepenet tiisdei 18 juny it fernijde Museum Hindeloopen. De ôfrûne tiid is it museum folslein renovearre en útwreide mei in besikerssintrum.
It museum sit yn it eardere stedhûs fan Hylpen en hat in kolleksje fan skilderkeunst en tradisjonele dracht. Der is ek omtinken foar de eigen streektaal, dy't ûntstien is troch de hannel. Hidde Nijland wie yn 1919 de oprjochter fan it museum.
Máxima iepenet it nije museum en makket in omgong troch it besikerssintrum en by de kolleksje del. Dêrby praat se mei meiwurkers en belutsenen dy't de útwreiding fan it histoaryske pân mooglik makke hawwe.
Grutte ferbouwing
De ferbouwing fan Museum Hindeloopen sette mear as in jier lyn útein. It museum is folslein duorsum makke, dat wie in hiele put. De kosten fan de ferbouwing wienen 1,6 miljoen euro.
It bestjoer hat ambisjeuze plannen foar de takomst: it doel is om op jierbasis 20.000 besikers yn hûs te heljen, benammen jongere minsken.
It besikerstal lei foar de ferbouwing op 10.000 yn it jier.