Hackt! Riemy rekke sa 15.000 folgers kwyt: "It giet hiel fier"
Hackers witte ek in soad Fryske sosjale mediabrûkers te finen. Dat seit digitale wykagint fan Noardeast-Fryslân Femme Haakma.
Winkeleigener Riemy Streekstra waard slachtoffer fan phishing en rekke har bedriuwsakkount mei 15.000 folgers kwyt.
"Ik waard moarns wekker en krige in melding dat ik yn in oar lân ynlogd hie op myn Instagram-account", seit Streekstra. "Doe tocht ik al: oh oh, dit is net goed."
Relatyf simpele trúkjes fan oplichters binne noch hieltyd genôch om accounts op bygelyks Instagram en Facebook oer te nimmen, nettsjinsteande maatregels fan dy platfoarms om hackers tsjin te gean. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS.
Winkeleigener Riemy Streekstra krige in melding om it wachtwurd te feroarjen fan har Instagram-account fan har winkel yn Dokkum. Mar dat wiene dus de hackers, en sa namen se it account oer en feroaren se alle kontaktgegevens.
De hacker appte domwei: yn ruil foar jild, krijst dyn account werom.
"Ik ha se alle dagen wol appt mei: wêrom dogge je dit? Ik haw hjir sa hurd foar wurke. Mar dat makke harren neat út fansels."
Der siet neat oars op foar Streekstra: se hat yntusken in nij account oanmakke dêr't op stiet 'New account, old account is hacked'.
Hacken komt benammen foar wannear't minsken itselde wachtwurd foar meardere accounts brûke.
Dêrom is it ferstannich om hieltyd in oar wachtwurd yn te stellen, seit Haakma. In twastapsferifikaasje is in mooglikheid om it Instagram- of Facebookaccount noch better te befeiligjen.
Ek seit de wykagint mei klam dat je phishing-sites werkenne kinne: "Let benammen ek op as je wat winne of diele moatte. As je dan ynlogge moatte mei je social media-akkount, wit dan dat dy gegevens ek by in oar telâne komme kinne."