Sa kaam in 500 jier âld skipswrak by tafal boppe wetter by Skylge

Steapels koperplaten út it skipswrak © RCE / Margareta Svensson
By it opromjen fan de rommel fan de MSC Zoe binne by tafal resten fan in iuwenâld skipswrak fûn. In wrak mei in tige weardefolle lading: 13.000 kilo koper.
It wie de lading fan in skip dat nei alle gedachten yn 1546 fergien is yn de Waadsee by Skylge, docht bliken út ûndersyk fan de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed.
By tafal waard it skip fûn, sa'n 15 kilometer benoarden de fargeul Skylge - Dútske bocht.
Thijs Coenen fan de Rijksdienst is entûsjast oer de fynst. "Als die containers niet van het schip waren gevallen, hadden we vermoedelijk nooit geweten dat hier een eeuwenoud scheepswrak lag."
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it frachtskip MSC Zoe 342 konteners benoarden de Waadeilannen. It is ien fan de grutste ekologyske rampen dy't we ea yn Nederlân meimakken.
Ek al binne de strannen yntusken sa goed as opromme, ûnder wetter leit der, no goed fiif jier letter, noch 800.000 kilo ôffal.
De berger tocht yn earste ynstânsje dat der op it plak fan it skip konteners leinen. Hy grypte mei syn kniper nei ûnderen en stjitte op it skipswrak.
De Rijksdienst is yn de simmer fan 2019 nei it plak ta gien om it skip fierder te ûndersykjen.
"Al uit de eerste analyses bleek dat het om een heel oud wrak ging met koper van de familie Fugger", fertelt Coenen.
Dat wie in Dútske hannelsfamylje mei in soad jild en ynfloed. Harren finansjele en politike macht rikte oant de heechste Europeeske foarstehuzen.

Jierringen

Dy lading koper hat it wrak yn feite beskerme tsjin eroazje en pealwjirm. Dêrtroch koene de balken fan it skip ûndersocht wurde.
Ut ûndersyk nei de jierringen die bliken dat it hout yn 1537 of 1538 kapt is. It skip is dus om 1540 hinne boud, yn Hollân of Noardwest-Dútslân. It hout kaam út Dútslân.
Fugger-stimpels op de platen links © Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
"In die tijd importeerde Nederland veel hout omdat eigenlijk al onze grote bossen al gekapt waren. Maar we zien aan de bepaalde bouwelementen en constructiewijzen dat het mogelijk een Nederlands schip is, omdat we die bouwwijze hier in Nederland veel vaker hebben gezien", aldus Coenen.

Monopoalje op koper

De famylje Fugger hie yn de wrâld fan doe it monopoalje op de koperhannel. It koper waard ferfierd yn platen of heale bollen.
"De platen waren bedoeld voor munten, potten of misschien wel dakbedekking. De bollen werden gebruikt voor het gieten van klokken of kanonnen. Het interessante van dit schip is dat we alleen maar platen hebben gevonden en geen bollen."
Nijsgjirrich is dat yn 1546 de heale bollen fan de hjerstfloat fan de Fuggers yn Bremen yn beslach naam waarden. It skip by Skylge hearde mooglik by deselde float.
Ien fan de platen © RCE / Margareta Svensson
De koperen platen yn it skip komme út de minen fan Neusohl (no yn Slowakije) en wiene mooglik ûnderweis nei muntslaggerijen yn Amsterdam of Antwerpen.
It koper hat doe al fan grutte wearde west. Dêrom ferdielde de famylje de lading faak oer meardere skippen. "Zodat als er een schip zou vergaan ze niet gelijk groot kapitaal kwijt waren."
In dûker mei in airlift © Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
Der binne yn it ferline mear skippen fûn mei in lading koper fan de famylje Fugger, mar fan in hiel oantal skippen is net dúdlik wat it west hat.
Troch de kombinaasje fan archeologysk en histoarysk ûndersyk koene de ûndersikers in list fan skippen gearstalle dy't it mooglik west ha kinne. Histoaryske boarnen litte sjen dat doedestiids fjirtjin Bremerskippers mei koper op de Sont fearn hawwe.

Nei musea

De platen wurde no opslein yn it depot fan de Rijksdienst. "Vervolgens kunnen ze in een museum terechtkomen, als het museum ze wil hebben. Dan kunnen ze in bruikleen naar een tentoonstelling gebracht worden."
In museum yn Cuxhaven (Dútslân) hat syn kâns al pakt, dat hat al in pear platen stean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.