Plysje: Eksploazje Easterein troch krimineel konflikt, slachtoffer ûnskuldich

Skea oan it hûs © CAMJO media
It motyf foar de eksploazje yn Easterein leit yn in konflikt yn it kriminele sirkwy, dêr't de belutsenen ûnterjochte slachtoffer fan wurden binne. Dat meldt de plysje.
Neffens de plysje binne der dúdlike oanwizingen dat de eksploazje yn Easterein ferbân hâldt mei twa oare eksploazjes yn Schoonoord (Drinte).
De plysje giet der fanút dat by dizze eksploazjes itselde motyf jildt as by eksploazjes yn Nieuw-Vennep en Zwanenburg (Noard-Hollân). Neffens de plysje giet it om in konflikt yn it kriminele sirkwy.
Hjir wiene de eksploazjes © Omrop Fryslan
De bewenner fan it hûs yn Easterein rekke licht ferwûne by de eksploazje. De foargevel fan it hûs wie oan pún en yn de wenkeamer ûntstie brân.
De plysje hat in fertochte oanholden. Dat is in 17-jierrige Rotterdammer. By it hûs binne út foarsoarch befeiligingskamera's pleatst.

'Onschuldige familieleden de dupe'

"Dit conflict is gericht op één persoon binnen een familie, waarvan onschuldige familieleden en derden de dupe zijn geworden", meldt de plysje. "Het doelwit waar het vermoedelijk om gaat, zit momenteel in het buitenland vast."
Neffens de plysje liket it der sterk op dat de fertochten op opdrachtjouwers fan de eksploazjes yn Schoonoord en Easterein tinke dat de slachtoffers fan dizze eksploazjes by de neamde famylje hearre. Dat is net sa, seit de plysje.
It ûndersyk is noch net klear. De plysje ropt minsken op om har te melden, as se ynformaasje ha oer de eksploazjes, oer de oanlieding, of oer de beëage slachtoffers.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.