Beskieden optimisme nei útspraak gaswinning Skier: "Uitstel moet nog wel afstel worden"

It boppeste part fan it boarplatfoarm is dizze wike noch ôfmakke by HSM yn Schiedam © HSM Offshore Energy
Der hearsket beskieden optimisme by de partijen dy't beswier makke ha tsjin de gaswinningsplannen boppe Skiermûntseach. It bedriuw ONE-Dyas mei foarearst gjin gas winne op de Noardsee, mar de plannen binne seker net fan de baan.
"Daar ben ik gematigd positief over", doelt Jorien Bakker fan Natuurmonumenten - ien fan de beswiermakkers - op de útspraak fan de rjochtbank tongersdeitemiddei.
"Als je het goed leest, dan betekent dit uitstel, maar nog geen afstel. Wij vinden nog steeds dat deze gaswinning boven Schiermonnikoog daar niet plaats kan vinden."
Ek boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is yn 'e haadsaak posityf. "Ik hoop echt dat van nu uitstel straks ook afstel komt. Het is echt niet meer van deze tijd om nieuwe gasboringen te beginnen in het Waddengebied."
De rjochtbank yn Den Haach hat de omjouwingsfergunning foar de oanlis fan it boarplatfoarm ferneatige. "Als de staatssecretaris van Economische zaken en Klimaat het project alsnog wil laten doorgaan, zal hij eerst de gebreken in de verleende omgevingsvergunning moeten herstellen", sa stiet yn de útspraak.
De easkjende partijen krije fan de rjochtbank gelyk as it giet om stikstof en seesûchdieren. "Er is tijdens de aanlegfase sprake van stikstofdepositie die significante gevolgen kan hebben voor natuurwaarden. De rechtbank vindt de methode om die gevolgen te compenseren, de aankoop van stikstofrechten van drie boerderijen, niet juist."
ONE-Dyas wol gas winne út it saneamde gasfjild NO5-A. Dat leit tweintich kilometer noardlik fan Schiermûntseach yn de territoriale wetters fan Nederlân en Dútslân. It bedriuw krige yn 2022 in fergunning fan steatssekretaris Vijlbrief fan Mynbou om dêr gas te winnen. Ek de Dútske dielsteat Nedersaksen joech in fergunning ôf.
De ferneatige omjouwingsfergunning betsjut net dat de gaswinning yn de takomst net asnoch trochgean kin. Neffens algemien direkteur Chris de Ruyter van Steveninck fan ONE-Dyas is it noch altyd de bedoeling om foar 1 desimber dit jier gas leverje te kinnen.
"Daar ben ik hoopvol over; dat is belangrijk voor Nederland. Het wordt het meest duurzame gasplatform van de Noordzee", neffens De Ruyter van Steveninck.
In proefboring nei gas yn it gebiet yn 2018 © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"De rechter heeft gezegd: er zijn een aantal zaken van de zogeheten omgevingsvergunning waarvoor u huiswerk meekrijgt en die aangepast moeten worden. Dat zullen we moeten bekijken."
ONE-Dyas hat der fertrouwen yn dat in nije omjouwingsfergunning der wol komt. Neffens de algemien direkteur binne der al maatregels naam, om de effekten op de natuer te beheinen. "Bij de aanleg van het platform niet heien, maar draaien. En het gebruik van bubbelschermen om te zorgen dat de geluidsimpact er niet is."

Ferfolchstappen

Natuurmonumenten wol de kommende tiid brûke om de útspraak goed te bestudearjen. "Die is zestig pagina's. Dat gaan we goed bekijken en dan gaan we ons beraden op mogelijke vervolgstappen", neffens Jorien Bakker.
"We hopen echt wel dat het bredere plaatje, natuur, horizonvervuiling en klimaatverandering ook mee zal worden genomen. Dat is nu even niet het geval."
Boargemaster Van Gent hopet dat der meikoarten definityf in streek troch de plannen giet. "Wij willen heel graag naar hernieuwbare, duurzame energie. Ik hoop dat we deze tijd kunnen gebruiken om daarmee aan de slag te gaan, in plaats van dat we nu opnieuw naar gas gaan boren in een heel kwetsbaar natuurgebied. Dat moeten we niet willen met elkaar.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.