Is Van Persie en Hearrenfean wol in match? "Ik wit net oft hy in middenmoater manage kin"

Sportcast © Omrop Fryslân
Wa moat de nije trainer fan sportklup Hearrenfean wurde? Wurdt it Maurice Steijn? Rick Kruys? Robin van Persie? Ald-sportferslachjouwer Willem de Vries hat wol in foarkar en dat is net ien fan dizze trije.
Neffens him moat it de trainer fan Almere City wurde. "Ik bin persoanlik hiel bot foar Pastoor. Troch syn útstrieling en syn fyzje op fuotbaljen." Ferslachjouwer Roelof de Vries falt him by. "Dy stiet by my ek op ien."
Willem de Vries wit net oft Van Persie de goeie kar wêze soe. "Ik tink dat Hearrenfean de kommende jierren problemen hat mei de begrutting. Dat betsjut dat se heechst wierskynlik yn de middenmoat hingjen bliuwe. En in útsjitter nei ûnderen is net ûnrealistysk. Dan ha je in krisiscoach nedich en ik wit net oft Van Persie de ûnderfining hat om dat op te fangen."

Wat as je tsjin degradaasje knokke moatte?

Willem de Vries freget him dan ek ôf oft in trainer mei net al te folle ûnderfining sa as Van Persie wol de goeie trainer is foar Hearrenfean op dit stuit. Hearrenfean prestearret de lêste jierren nochal wikseljend.
"Sa no en dan ha je in útsjitter nei boppe. Mar krigest, ast sa kwetsber bist as Hearrenfean, ek wolris datst tinkst: ast no twa kear ferliest, dan komst echt yn de problemen. Ik bin gjin coach, mar tsjin degradaasje fjochtsje is in apart fak. En ik wit net oft Van Persie by in middenmoat klup dat managen kin. Of Hearrenfean moat de situaasje ferbetterje, mar dat ferwachtsje ik persoanlik net sa bot."
Hearrenfean hat foar de fakatuere fan trainer yn elts gefal petearen hân mei Maurice Steijn, Rick Kruys en Robin van Persie. Trije kompleet ferskillende trainers. Willem de Vries: "It komt wat willekeurich oer. Wa is der beskikber en mei wa sille we prate? Wat wolle jimme no eins? Der sprekt net wat út fan: dy kant wolle we op kwa fyzje en kwa fuotbal."
Roelof de Vries is it dêr net mei iens. "It seit neat oer de kar, mar it seit allinnich wat oer mei wa se prate. Ik fyn it just hiel goed dat se mei ferskillende trainers prate. Kees van Wonderen hat ek sein: gean mei trainers prate. Sjoch wat der is, wat by jimme past en welke trainer by de klup past."

Play-offs

Hearrenfean docht noch altyd mei om de play-offs. It gat mei de nûmer njoggen Sparta is fjouwer punten en Hearreanfean stiet tsiende. Der binne noch fjouwer wedstriden te gean.
Roelof de Vries tinkt dan ek dat Sparta de grutste konkurrint is. "De lêste wedstriid fan de kompetysje is Sparta-Hearrenfean. It soe moai wêze as dy wedstriid noch earne om giet."
Mar Andor Faber freget him ôf oft it safier komt. "Sparta moat no tsjin Volendam. Dy kinne der net safolle fan. Dus Sparta wint. Dan is it gat sân punten mei noch trije wedstriden te gean. Dan soe ik de 'gewaagde' útspraak dwaan wolle: it soe kinne, mar it soe ek net kinne."
Hy is al oan de slach. Op de eftergrûn, want RKC mei it net witte.
Andor Faber oer Lars Lambooij (technysk manager SC Cambuur)
SC Cambuur en Lars Lambooij hawwe de arbitraazjesaak efter harren litten. Neffens presintator Arjen de Boer is de nije technysk manager al oan de slach by Cambuur. "Hy is al begûn."
Cambuur-watcher Andor Faber befêstiget dat. "Op de eftergrûn, dat wol. Syn bân mei RKC wie op de ien of oare wize net sa goed mear. Dus der mocht absolút net nei bûten komme dat er al oan de slach is yn Ljouwert."
En Lambooij hat fuort op reis west, want se binne nei Ingelân ta gong. "Se ha mei in delegaasje nei Manchester City west. Dêr ha se petearen hân mei minsken út de jeugdoplieding en in wedstriid sjoen fan in jeugdploech. Lambooij hat blykber goeie kontakten, want oars komme je dêr net sa gau binnen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.