Europeeske regels tsjin nije kontenerramp: "It sette my echt oan it tinken"

In kontener fan MSC Zoe yn see © ANP
Nije regels moatte de skipfeart op see feiliger meitsje en de kâns op in kontenerramp, sa as dy mei de MSC Zoe, lytser meitsje. It Europeesk Parlemint stimde foar it 'Maritime Safety Package.'
It giet om in pakket maatregels dy't de skipfeart yn Europa feiliger en skjinner meitsje moat. Sa komt der in 'APK foar seeskippen', strangere kontrôle fan frachtskippen yn Europeeske havens en in skerper ferbod op it oerboard smiten fan ôffal.
De Europarlemintariërs reageerden skokt op it nijs dat fiif jier nei de ramp mei kontenerskip Zoë noch sa'n 800.000 kilo ôffal op de boaiem fan de Noardsee leit.
Europarlemintariër Anja Haga fan de ChristenUnie fynt dat it tiid wurdt dat soks steviger oanpakt wurdt.
Anja Haga (CU) © ANP
"Ik hear fan fiskers dat grutte kontenerskippen al harren ôffal yn see smite. In waskmasine dy't stikken is, wurdt sa oerboard smiten. Kuolkasten, farveblikken, ús fiskers komme fan alles tsjin. It is fansels in super goede saak dat dat oan bannen lein wurdt."
Haga fielt har ek persoanlik belutsen by it ûnderwerp kontenerramp. De ramp mei de MSC Zoe wie foar har de oanlieding om plestikfrij troch it libben te gean.
"Doe't ik al dat plestik yn de Waadsee en oan ús kust seach, tocht ik: wat moatte wy mei al dy plestik troep. It hat my echt oan it tinken set."
De kontenerramp fersmoarge de kust ôfgryslik © ANP
De nije Europeeske regels binne neffens Europarlemintariër Vera Tax fan de Partij van de Arbeid ynspirearre op de ramp mei de MSC Zoe.
Tax hat út namme fan it parlemint it ôfrûne healjier ûnderhannele mei de Europeeske kommisje en de lidsteaten oer it Maritime Safety Package. Se is ek bot oandien troch de sifers oer it ôffal.
"Ik ben blij dat die lijst van locaties eindelijk openbaar is, zodat er gericht gezocht kan worden", seit Tax. "Maar het is afschuwelijk om te weten dat er vijf jaar na data op 6.000 plekken in de Noordzee nog steeds afval ligt van dat ene ongeluk. Dat moeten we in de toekomst voorkomen met strengere regels."
Vera Tax (PvdA) © ANP
By de ûnderhannelingen moast se ta har spyt wol wat wetter by de wyn dwaan. It foarstel fan Tax om alle konteners fan in GPS-tracker te foarsjen helle it net.
"Het parlement steunde het voorstel van een verplichte GPS-tracker op elke container, maar die strijd hebben wij helaas verloren. De lobby van het bedrijfsleven werd gevolgd door een aantal lidstaten die hier fel op tegen waren."

Kontrôle

Dochs is Tax bliid mei de nije Europeeske regels. Skippen fan bûten de Europeeske Uny wurde tenei better kontrolearre as se in Europeeske haven oandogge. "Er wordt strenger gecontroleerd op het vastmaken van containers en op arbeidsomstandigheden."
Konteners op de MSC Zoe yn 2019 © ANP
Foar skippen út in lidsteat fan de Europeeske Uny komt der in ferplichte 'APK-keuring'. Ek binne reders ferplichte om ynformaasje oer skip en lading tenei digitaal oan te leverjen, sadat der better en flugger op in kalamiteit reagearre wurde kin.

Gjin GPS-tracker

De lidsteaten hawwe no 2,5 jier de tiid om it Maritima Safety Package om te setten yn nasjonale wetjouwing. It muoit Tax noch wol dat de ferplichte GPS-tracker op eltse kontainer yn de ûnderhannelingen sneuvele is.
"Je zou zeggen, wat kan daar nu op tegen zijn, maar het bedrijfsleven ontduikt hier helaas de eigen verantwoordelijkheid."
Wat Tax oanbelanget is de diskusje hjiroer noch net dien. Sy hopet dat in nij Europeesk Parlemint nei de ferkiezings de regels foar de skipfeart fierder oanskerpet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.