Wannear bist in echte Fries? "It giet benammen om gefoel"

Der binne ferskate saken dy't de Fryske identiteit typearje © ANP
Wannear bist in 'echte Fries'? Bepaalst dat sels? En wat typearret eins de Fryske identiteit? It binne fragen dy't nei alle opskuor om Habtamu de Hoop en Johan Derksen hinne ris te mear opspylje. Erik Betten skreau dêr tsien jier lyn al in boek oer.
"Ast dy Frysk fielst, dan meist dysels ek in Fries neame", seit Betten, dy't berne is yn Ljouwert. Mar hoe Frysk ien himsels of in oar fynt, hinget faak fan mear faktoaren ôf. It sprekken fan de Fryske taal bygelyks is dêryn net de iennichste graadmjitter.
"Der binne in soad oare aspekten, lykas de ferbining mei de provinsje of de kultuer. Minsken dy't letter yn har libben nei Fryslân ta komme, kinne harren like bot Frysk fiele as immen dy't hjir hikke en tein is."
Erik Betten © Haye Bijlsma
De fraach wêr't de Fryske identiteit weikomt, hold Betten jierren lyn al dwaande. Hy die der ûndersyk nei en publisearre syn befiningen yn it boek 'De Fries - Op zoek naar de Friese identiteit'.

Friezen yn it bûtenlân

Dat 'Fryske gefoel' wurdt yn guon situaasjes somtiden fersterke. Bygelyks as je in oare Fries tsjinkomme yn it bûtenlân. It makket dêrby neffens Betten net iens safolle út hoelang oftst krekt yn Fryslân wennest en oftst it Frysk ek behearskest.
"As je beiden út Fryslan komme, kinne je op sa'n momint automatysk in ferbining fiele. Ek al is de ien bygelyks opgroeid yn 'e provinsje en wennet de oar noch mar in pear jier yn Fryslân."

Negative lûden

Dat se yn de rest fan Nederlân somtiden raar tsjin it Frysk, en de oandacht foar it Frysk, oansjogge waard dizze wike mar wer dúdlik. De ûndertekening fan de nije BFTK (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer) troch minister Hugo de Jonge rôp in soad reaksjes op.
Wylst der út Fryslân entûsjaste reaksjes wiene fanwege de beskikber stelde 18 miljoen euro, kamen der út oare hoeken fan it lân mear negative lûden nei boppe.
De hantekenings ûnder de BFTK wurde set © Omrop Fryslân
De krityk komt der gearfetsjend op del dat it yn tiden fan maatskiplike krisissen grutte ûnsin is om 18 miljoen euro út te jaan oan de taal en kultuer fan in relatyf lytse befolkingsgroep.
Dêrby wurde Friezen gau assosjeare mei termen as 'koppig, eigenzinnig, stug, eenkennig en sterk nationalistisch'. Wêrom soe dêr jild hinne moatte?
De werklikheid is folle djipper, fertelt Betten. "It Nederlânsk nasjonalisme is in stik mear ymplisyt. Wat foar harren normaal is, is de noarm. Se binne net oars wend."
Wij, de mensen die taal gebruiken, bepalen samen hoe we de term 'Fries' gebruiken.
Emearitus heechlearaar Barend van Heusden
Friezen moatte dêrom mear muoite dwaan foar it behâld fan harren taal en kultuer.
"Yn fergelyk mei de Nederlânske kultuer hat de Fryske kultuer in 'underdogposysje'. As wy wat wolle moatte wy dêr altyd foar fjochtsje. Dan giet it bygelyks oer jild. Moast it sjen as de lytse tsjin de grutte", seit de skriuwer.

Rol fan de mienskip

Emearitus heechlearaar kultuer en kognysje Barend van Heusden fynt dat de mienskip in grutte rol spilet by it bepalen oft ien wol of net Fries is. Hy rjochtet him dêrby spesifyk op it gebrûk fan taal.
"Met taal kan je mensen binnen- of buitensluiten," leit de heechlearaar út. Dat barde neffens him ek by de opmerking fan Johan Derksen. "Hij zei: 'jij bent geen Fries, ik gebruik voor jou het woord Fries niet'."
Barend van Heusden © Eigen foto
Mar dat seit lykwols neat, omdat fierwei it grutste part fan de mienskip it hjir net mei iens is.
"Wij, de mensen die taal gebruiken, bepalen samen hoe we de term 'Fries' gebruiken. De gemeenschap bepaalt in deze zaak dat De Hoop een Fries is. En als de gemeenschap het denkt, dan is het zo", is de konklúzje fan Van Heusden.
Ek Betten kin him fine yn de rol fan de mienskip. "Frysk wêze is eins in dynamysk spultsje fan ynsluting en bûtensluting."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.