Hellet Hearrenfean de play-offs? "Neffens my hawwe se de fakânsje al boekt"

De spilers fan Hearrenfean nei de nederlaach tsjin Feyenoord © ANP
Trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean sjocht it heljen fan de play-offs as "heel reëel", mar is dat eins wol sa? Mei noch fiif wedstriden te gean is de efterstân op konkurrint Sparta fjouwer punten.
Van Wonderen tinkt dus dat it noch kin. "We staan op vier punten van Sparta en er zijn nog 15 punten te halen, dus ik geloof nog steeds in het halen van de play-offs", leit de trainer út.
It giet net allinnich tusken Hearrenfean en Sparta. Fjouwer ploegen stride om it lêste plakje dat rjocht jout op de play-offs foar Europeesk fuotbal. Mar wa hat de bêste papieren?

Net konstant genôch

Ald-trainer Gertjan Verbeek tinkt net dat dat Hearrenfean is. "Cijfermatig is het misschien reëel, maar als je naar het voetbal kijkt zet ik daar wel mijn vraagtekens bij."
Gertjan Verbeek © Orange Pictures
Neffens him prestearret de ploech net konstant genôch. "Het is een soort loterij, je weet nooit wat je te zien krijgt. Kees van Wonderen is er in twee jaar niet in geslaagd enige stabiliteit aan te brengen. Het is gewoon ontzettend wisselvallig. Vaak middelmatig, soms heel slecht en soms ook heel goed."
Van Wonderen kin him dêr wol yn fine. "Ik vind die wisselvalligheid ook niet altijd te verklaren, al heeft het wel met karakters en met vechtlust te maken. We missen de zogenaamde 'rotzakken', dat is een feit.
Dit binne de ploegen dy't stride om de play-offs © Omrop Fryslân
Sportsjoernalist Roelof de Vries leaut der ek net yn dat it Hearrenfean noch slagje sil. "Sjoen it spul fan de lêste wiken liket my it heljen fan de play-offs net realistysk", is syn analyze.
Hy hat it idee dat de spilers der net mear alles foar dogge. "De enerzjy is út de ploech wei. Neffens my hawwe se de fakânsje nei Ibiza al boekt."
Henk Veerman tinkt dat it "supermoeilijk" wurdt © Orange Pictures
Ald-spits Henk Veerman fûn dat Hearrenfean tsjin Twente knap fuotballe. Dochs is dat neffens him net genôch. "Het wordt wel een supermoeilijk verhaal."
Als ik nu ga zeggen dat een gat van vier punten niet meer te overbruggen is, dan gooi ik bij ADO al mijn ruiten in.
ADO-spits Henk Veerman
Veerman spilet op it stuit by ADO Den Haach. Mei dy ploech is er noch yn de race foar de play-offs, mar dan foar promoasje nei de earedivyzje. ADO stiet 6 punten efter de nûmer trije, FC Grins.
Ek dêrom seit Veerman dat Hearrenfean noch kâns makket. "Als ik nu ga zeggen dat een gat van vier punten niet meer te overbruggen is, dan gooi ik bij ADO al mijn ruiten in. Dus dat ga ik niet doen", laket hy.
It programma fan Hearrenfean en de konkurrinten © Omrop Fryslân
Dat Hearrenfean net konstant genôch is, spilet neffens Veerman al jierren. "Dat was toen ik er voetbalde ook al zo. De ene wedstrijd speel je de pannen van het dak, de week erna verloren we van TOP Oss. Die dingen zijn niet te verklaren, net zoals dat ik altijd scoor tegen Cambuur. Dat gebeurt gewoon."

De data seit fan net

Ek data-spesjalist Bart Frauws fan Voetbal International tinkt net dat Hearrenfean de play-offs hellet. "Heerenveen heeft nog drie uitwedstrijden te gaan. Ze hebben buitenshuis niet vaak gewonnen. Slechts drie keer maar. Alleen van FC Utrecht, Volendam en Vitesse. Dat is niet zo best."
De wedstriid Heracles Almelo - sc Hearrenfean is sneintemiddei 12.15 oere en is te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Frauws pakt foar syn analyze it data-oersjoch fan Opta. Dat programma besiferet alle wedstriden en sjocht nei de kwaliteit fan 'e spilers. "Op basis van die cijfers heeft Heerenveen 9 procent kans om de play-offs te halen. Dat is niet zo gek veel."
Neffens Frauws hat Hearrenfean de measte kâns om as alfde te einigjen dit seizoen. Wa't er dan wol de play-offs hellet? "Volgens de rekenmodellen wordt dat Sparta, met ruim 75% kans."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.