Dit is wêrom't de grutste klok fan Fryslân stil is oant wiken nei de deadebetinking
De klok lieden hearre, mar net witte wêr't de bongel hinget: dy útdrukking is net fan tapassing op de restaurateurs dy't oan de Aldehou wurkje yn Ljouwert.
De twa klokken yn de toer krije in bettere ophinging en in nije bongel. "It is wol in hiel bysûnder projekt, dit ha wy noch nea earder meimakke", seit Anne Beukers, senior fêstgoedadviseur by de gemeente Ljouwert.
"De klokkekonstruksje waard der yn 1910 ynset en dêrnei ha de klokken der net wer út west."
De konstruksje hat it dus mear as in iuw folhâlden. "Mar de liedassen binne no sa útsliten, dat wy der echt wat oan dwaan moatte", seit Beukers.
In bouteam mei ferskate saakkundigen moast in skoft stinne oer hoe't sy dat oanpakke soene. De klokken kinne nammentlik net út de toer helle wurde.
"Doe ha wy betocht dat der in tydlike flier komme moast, om de klokken mei op te fangen. De klokken hingje no oan sterke katrollen, wylst sy op de flier rêste."
De grutste klok is sa'n 5.500 kilo en it is dêrmei de swierste klok fan Fryslân. De lytse klok is goed 2.000 kilo. Beide komme út de 16e iuw.
"De Dútsers hawwe yn de Twadde Wrâldoarloch wol besocht om de klokken derút te heljen", fertelt Beukers. Klokken waarden doetiids omsmolten ta wapens. "Mar dat slagge hjir net, om't se te swier wiene."
It boumateriaal fia de smelle trepkes fan de Aldehou ferfiere, wie gjin opsje. Dat bart dêrom mei hyskranen.
"Yn totaal ha wy seis kraanmominten ynpland. Alles wurdt fia it gat fan de wizerplaat binnen helle", seit Beukers. "In moai momint om dy ek fuort oan te pakken."
"Dit is wol in unike put", erkent Feike Huitema fan restauraasjebedriuw Van der Vegt fan Weidum. Hy wurket faker oan âlde tsjerketuorren.
"In normale doarpsklok waacht 600 oant 1.000 kilo. Dit is in stik swierder."
It wie de bedoeling dat de klokken fan de Aldehou op 4 maaie mei deadebetinking wer liede soene. It wurk duorret lykwols langer om't de fergiftige stof groom-6 oantroffen waard op de klokken.
"Dat ha wy earst ferwidere, wêrtroch't wy in fertraging ha fan trije wiken", seit Beukers. "Mar wy hoopje op 1 juny wer foar publyk iepen te wêzen."