Sekou Sylla is dwaande mei ôfskiedstoernee by Cambuur: "Ik zat er even mee"

Sekou Sylla © Dijks Fotografie
It binne hektyske wiken foar Sekou Sylla. Ferline wike krige er te hearren dat syn ôfrinnende kontrakt by SC Cambuur net ferlinge wurdt en ûnderwilens is er al hast fjouwer wiken dwaande mei de ramadan.
It is freedtejûn krekt wat foar healweis njoggenen as de wedstriid tusken SC Cambuur en ADO Den Haag stillein wurdt. Sylla sil dan nei de sydkant ta komme om te iten en te drinken. De sinne is dan ûnder, dus dan mei it wer.
Al is dizze perioade fan fêsten foar Sylla wat oars as ôfrûne jier. Doe wie er wikselspiler en wie it net sa slim dat er op wedstriiddagen pas nei it delgean fan de sinne ite en drinke koe.

Basisplak werom

No is Sylla basisspiler. En dus hat er besluten dat er op wedstriiddagen oerdeis gewoan yt en drinkt. Om't er topsporter is, mei dat as er dy dagen letter ynhellet.
De start fan de ramadan, op 10 maart, foel ûngefear gear mei it opnij feroverjen fan syn basisplak. Nei de winterstop wie de 25-jierrige Sylla dy kwytrekke. Syn konkurrint Thomas Poll die it goed yn de wiken dat Sylla net ynsetber wie, trochdat er mei Guinee de Afrika Cup spile.
En dus moast Sylla geduld hawwe. Op 8 maart yn de thúswedstriid tsjin De Graafschap sette Cambuurtrainer Henk de Jong him wer yn de basis en dêr hat er dêrnei net mear út west.
In wike lyn kaam der wer in nije ôffaller foar de Guineeske international. Syn ôfrinnende kontrakt yn Ljouwert wurdt net ferlinge. En dat foel him rau op it dak. "Ik zat er even mee", jout Sylla ta. "Maar nu is het belangrijk om zoveel mogelijk minuten te spelen en belangrijk te zijn."
Neffens Henk de Jong is de doar nei in langer ferbliuw noch net hielendal ticht en ek Sylla slút it net út. Dochs liket de kâns dêrop net al te grut.

Mear oanfalle as ferdigener

Dat Cambuur no oars spilet, liket goed nijs foar Sylla. Hy krijt oanfallend mear romte, om't der trije sintrumferdigeners yn syn rêch stean. "Ik kom veel aan aanvallen toe en kan makkelijker druk zetten", sa beneamt Sylla de foardielen.
Ferline wike tsjin FC Eindhoven joech er in assist en hy stie oan de basis fan ien fan de oare goals. Tsjin ADO Den Haag hopet de Schiedammer dat freed wer foarinoar te krijen. "Het wordt een fysieke en lastige wedstrijd, al zit ADO de laatste tijd ook niet goed in zijn vel", sjocht de linksback.
De kans dat wij de play-offs halen, is vrij groot.
Sekou Sylla
De ôfskiedstoernee fan Sylla by Cambuur duorret yn alle gefallen noch seis wedstriden. Mar yn it ideale plaatsje komme dêr noch minimaal twa neikompetysjewedstriden by.
"De kans dat wij de play-offs halen, is vrij groot", wit Sylla. Ek al is it programma net al te maklik mei wedstriden tsjin ADO, FC Dordrecht en Roda JC. "We hebben vaak bewezen dat we tegen goede ploegen de punten pakken. Ik hoop dat dat vanavond ook het geval is."
De wedstriid tusken SC Cambuur en ADO Den Haag begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 19.45 oere. It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.