Kees van Wonderen mist 'over-mijn-lijk-mentaliteit': "Ze zien onvoldoende het gevaar"

Kees van Wonderen © Orange Piuctures
De 'over-mijn-lijk-mentaliteit' ûntbrekt wolris by sc Hearrenfean, fynt trainer Kees van Wonderen. En dy is wol nedich om in wedstriid oer de streek te lûken.
Ofrûne sneontejûn barde it wer. In ôfstânsskot fan Kevin Felida fan RKC Waalwijk waard fan rjochting feroare en fleach yn de goal. Sokke goals krige Hearrenfean dit seizoen faker tsjin, fan dy ûngelokkige mominten.
Tink oan it 'polletje' fan Andries Noppert yn Zwolle, Syb van Ottele syn weromspylbal tsjin Feyenoord of de bal dy't Noppert tsjin Pawel Bochniewicz skopte tsjin AZ. En sa binne der nochal wat mear foarbylden.
sc Hearrenfean spilet woansdei om 21.00 oere tsjin FC Twente en is live te folgjen op Omrop Fryslân op de radio en online. It ferslach komt fan Roelof de Vries.
Van Wonderen sei tiisdei by it parsemomint dat hy dit net earder sa bot meimakke hat. "Ja, in 1991 toen ik degradeerde met Bennekom in de hoofdklasse. Toen kregen we steeds te horen dat we zo lekker voetbalden, maar kregen we ook vaak ongelukkige en onverklaarbare goals tegen."

Net allinnich mar pech

Mar neffens Van Wonderen leit it seker net allinnich mar oan maleur. It sit him ek yn tûkheid. Hy mist by syn ploech it fermogen om in wedstriid dea te meitsjen en oer de streek te lûken.
"Tijdens de wedstrijd tegen RKC heb je ogenschijnlijk controle over de wedstrijd. Maar dan gebeurt er iets waardoor dat het kantelt. Wat we na de wedstrijd besproken hebben, is dat je een bepaalde alertheid mist of dat ze het gevaar niet zien."
"Om terug te sprinten, je voor een bal te gooien of een overtreding te maken", giet Van Wonderen fierder. "Om die wedstrijd over de streep te trekken. In ieder geval er alles aan te doen om een resultaat te halen."
Te faak oerkomt it de ploech dat se in wedstriid yn de knip ha, mar dat se it dochs noch fuortjouwe. "Wij zien soms onvoldoende het gevaar. Dat zien we in deze groep geregeld terugkomen."

Hoe is it mei de foarm fan Osame Sahroui?

In spiler dêr't Hearrenfean it faak fan ha moat, is Osame Sahraoui. Hy liket de lêste wiken wat út foarm. Neffens Van Wonderen is dat net sa frjemd.
"Ik ga zeker niet zeggen dat hij altijd geweldig speelt. Dat kan ook niet. Creatieve spelers kunnen het verschil maken, maar bijvoorbeeld tegen NEC en RKC-uit was dat onvoldoende."
"Maar dat is inherent aan zulke spelers", bringt Van Wonderen dêr tsjinyn. "Hij is wel degene die de wedstrijd tegen PEC Zwolle beslist. Tegen RKC geeft-ie een assist. Als trainer moet je soms ook inschatten dat zulke spelers niet alle wedstrijden honderd procent geweldig zijn."
Osame Sahraoui nei de iepeningstreffer © ANP
Yn de wedstriid tsjin RKC Waalwijk wiksele Van Wonderen ûnder oaren Sahraoui en Anas Tahiri ek fanwege ramadan. Mar it is net sa dat se foar de wedstriid al bepale dat sy minder minuten spylje sille.
"Iedereen is goed belastbaar. Als je drie wedstrijden moet spelen, doet dat natuurlijk wel wat me je lichaam. Soms laat je zoiets als de ramadan meewegen. En je kijkt naar hoe je iedereen aan boord kunt houden."

Luuk Brouwers mist Twente en Utrecht

Hearrenfean mist woansdei tsjin FC Twente krekt as tsjin RKC Waalwijk wer twa spilers: Luuk Brouwers en Hussein Ali. Oer Brouwers sei Van Wonderen ferline wike noch dat hy snein tsjin FC Utrecht wol wer meidwaan kin, mar dat hellet er net.
"We willen niet het risico lopen dat -ie weer geblesseerd raakt. Ik hoop dat hij de laatste vijf competitiewedstrijden en twee play-off-wedstrijden mee kan doen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.