Moat Cambuur ta de beurs foar Lambooij? "Ik fyn in ton wol in soad jild"
De kâns is libbensgrut dat SC Cambuur op koarte termyn Lars Lambooij presintearret as nij technysk manager. Dêrfoar moatte de Ljouwerters 100.000 euro betelje. Yn de Sportcast binne de mienings dêroer ferdield.
Ferline wike tsjinne der yn Zeist in arbitraazjesaak wêryn't Lambooij tsjinoer syn hjoeddeiske wurkjouwer RKC Waalwijk stie. Twa dagen letter kaam de útspraak en dêryn die bliken dat it kontrakt fan Lambooij ôfkocht wurde kin foar in ton.
"En dat sil Cambuur wol betelje. Dizze of folgjende wike sil Cambuur bekend meitsje dat it Lambooij oernimt", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "It is de belangrykste posysje yn in fuotbalbedriuw. Om dêr wat foar te beteljen, is net sa gek."
"In soad jild"
Dêr sjocht sportferslachjouwer Roelof de Vries oars nei. "Ik fyn in ton foar in nije technysk manager wol in soad jild", seit hy. "Kinst foar 50.000 euro of minder net in technysk manager fine fan deselde kwaliteit of sels better?"
Sportferslachjouwer Geert van Tuinen begrypt Cambuur wol. "Etiënne Reijnen gie nei Feyenoord foar sân ton. Dan kinne je sizze: wy earmerke in bepaald bedrach dêrfan foar it oanlûken fan in nije technysk manager. Dan ha je it yn de begrutting ynklemd en giet it net te'n koste fan de bou fan it nije stadion."
Sjoch hjir nei de Sportcast fan dizze wike:
Sportklup Hearrenfean moast him sneon tefreden stelle mei in lykspul tsjin nûmer sechtjin RKC Waalwijk. Fernuvering is der, net foar it earst, oer de wiksels fan trainer Kees van Wonderen.
Wylst de Feansters 1-1 stiene en eins in trijepunter nedich hiene om perspektyf te hâlden op de play-offs, wiksele Van Wonderen behoarlik konservatyf. Sa liet er oanfallers as Ion Nicolaescu en Loizos Loizou op 'e bank sitte.
"Unbegryplike wiksel"
Sportferslachjouwer Roelof de Vries set fraachtekens by ien spesifike wiksel. "Syb van Ottele foar Simon Olsson. Dat is in ûnbegryplike wiksel. Olsson is ien fan de bêste fuotballers fan Hearrenfean. Mar Van Wonderen fûn dat er op wie, omdat er mei it Sweedske nasjonale team op paad west hie."
Ek rjochterferdigener Denzel Hall mocht wer ris ynfalle. De Vries: "Dy strielt neat út. Ik fyn it hielendal neat."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.