Cambuur hat 'topsysteem' fûn en kin de nul wer hâlde: "It wurdt hieltyd better"

Floris Smand en Daniël van Kaam nei de 0-3 © Dijks Media
"Ik denk dat we nu echt in het team voelen dat we aan iets nieuws bezig zijn." Dat sei Cambuurferdigener Floris Smand nei de wedstriid tsjin FC Eindhoven. De Ljouwerters behellen freedtejûn in komfortabele oerwinning yn it Jan Louwers Stadion. It waard úteinlik 0-3 yn it foardiel fan Cambuur.
Nei de wedstriid fierde Smand de 0-3 troch jûgjend nei keeper Yanick van Osch te draven. De Cambuurferdigening hat syn foarm wer fûn en kin de nul wer hâlde.
"We hebben bijna niks weggegeven", seit Smand nei de wedstriid. Dat hat wol oars west mar sûnt de feroaring fan it systeem nei 5-3-2 mei farianten liket it de goede kant op te gean mei de ploech. Ofrûne wike waard thús wûn fan Telstar mei 1-0.
"We hebben veel wedstrijden op rij verloren, dat doet altijd wat met je, daar kun je niet omheen. Als je dan twee keer op rij wint en de nul houdt, slaat er toch iets om in je hoofd. Je merkt het aan iedereen. We voelen ons goed en moeten hier mee doorgaan", seit Smand deroer.
Wol merkt er noch op dat de ploech oan de bal wol wat dominanter wurde kinne soe. "Maar dat is ook logisch dat het in een nieuwe formatie er nog niet helemaal in zit."

Gelok?

Trainer Henk de Jong fernimt oan syn team dat it nije systeem lekker fuotballet.
"We ha it wat oars delset en ik merk ek dat de jonges har der lekker by fiele. Dan moat je ek in bytsje gelok hawwe, it hat goed útpakt en elkenien stiet derachter. It wurdt hieltyd better."
De Jong hat genoaten fan de oanfallen dy't Cambuur op it fjild sjen liet. "Wy hienen in hiele moaie oanfal fan Sturla Ottesen, dy moat skoare, dat wie echt in wrâldgoal west."
Oft dit dan it kantelpunt yn it Cambuurseizoen neamt wurde kin rjochting in moaie einfaze? "Ja, ik it fernim it de hiele wike al en sis tsjin de jonges: no moatte wy ús sels beleane foar wat wy in hiel jier dien ha. Fan dei ien mei Ultee ôf. It sit der no yn, it moat der no útkomme, en it kin."

Wer giel foar Balk

Ien fan de moaie oanfallen dêr't De Jong it oer hat waard ôfmakke troch Remco Balk. Hy makke it twadde doelpunt tsjin FC Eindhoven, mei in omhaal. "Ik denk wel een mooie goal, de 0-2 was voor ons belangrijk", seit er dêr sels oer.
Dochs sit der foar him ek in swart rantsje oan de wedstriid. Hy pakte syn tolfde giele kaart en kin takom wike tsjin Den Haach net meidwaan. Net terjochte, fynt Balk en ek De Jong.
"Het slaat nergens op, ik zeg niks, en krijg gelijk geel", seit Balk. Yn de wedstriid hie er de bal, die er as oft er 'm lilk fuortsmite soe mar liet de bal falle.
"Ik laat hem gewoon vallen want ik weet: ik sta op elf gele kaarten, en bij elke gele kaart ben ik geschorst dus ik houd me ook gewoon in. Opeens zegt de scheids: ik ben er klaar mee. Te triest voor woorden vind ik dat", aldus Balk.
De Jong seach dat Balk der genôch fan hie en rôp m ta yn de wedstriid. "Hij zag gewoon dat ik ging balen en hij zei: als je nu gaat balen dan mis je deze wedstrijd ook al deels."

Den Haach

Sels seit De Jong dat ek dat er net lilk op Balk west hat: "Nee, dat mantsje moat apart wêze. As hy net apart is, en frjemd, rint, draaft en seurt en eamelt, dan bliuwt der neat fan oer."
Balk moat de wedstriid tsjin Ado Den Haag dus fan de tribune ôf sjen. "We moeten ook weer door, hopelijk winnen we die weer."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.