Van der Heide sjocht yn Hulshoff nije Hearrenfeantrainer: "Hij kan het stadion weer vol krijgen"

Sportcast © Omrop Fryslân
Sipke Hulshoff is de dreamkandidaat foar Sportklup Hearrenfean om de ôfskied nimmende Kees van Wonderen op te folgjen. Dat seit âld-fuotballer Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
It kontrakt fan Van Wonderen yn it Abe Lenstra Stadion rint nei dit seizoen ôf en wurdt net ferlinge. It is gjin geheim dat direkteur Ferry de Haan al petearen fierd hat mei oare trainers as Maurice Steijn en Rick Kruys.

Oanfallend fuotbal

Yn de eagen fan Van der Heide binne dy lykwols net geskikt foar it amt fan haadtrainer by Hearrenfean. "De grote vraag is wat voor type de club zoekt", seit de Snitser.
"Dan zeg ik: zoek een trainer die het stadion weer vol krijgt. Dat krijg je vol door leuk voetbal te laten zien. En dan ga je ook een keer met 2-5 op de kletter, dat klopt."
Van der Heide komt dan út by Hulshoff, de hjoeddeistige assistint fan Feyenoord én it Nederlânsk alvetal. "Sipke heeft de nodige ervaring opgedaan. Hij heeft, samen met Arne Slot, van Feyenoord een team gemaakt dat voetbalt om goals te maken."
De Twizeler hat him de lêste jierren goed ûntwikkele, wêrtroch't Hearrenfean der goed oan dwaan soe om him oan te stellen. "Ik geloof wel dat Sipke iemand is die aanvallend voetbal kan en durft te spelen en dat ook kan overbrengen", tinkt Van der Heide.
Yn tsjinstelling ta Hearrenfean kaam Cambuur ôfrûne wykein wol yn aksje. Der waard mei 1-0 wûn fan Telstar. Folle opfallender oan dy wedstriid wie it systeem mei fiif ferdigeners wêryn't Cambuur spile. En dat wylst Henk de Jong hast altyd oanfallend fuotbal spylje wol.
Van der Heide oer de taktyske feroaring fan syn âld-kollega: "Ik snap heel goed dat hij dit gedaan heeft. Het is maar net hoe je het interpreteert. Eigenlijk is het 3-4-3, wat Henk gedaan heeft."

Bekersukses brekt Cambuur op

De oerwinning op Telstar betsjutte de ein oan in minne rige fan fjouwer nederlagen op rige. Neffens Van der Heide hat it bekersukses fan de Ljouwerters harren opbrutsen.
Nei de winter spile Cambuur yn in koart skoftsje tiid tsjin Vitesse en NEC yn de kwart- en heale finale. "Ik baalde dat ze ver kwamen in de beker, want dat gaat ten koste van de competitie", tinkt Van der Heide. "Ik vind het niet raar dat Cambuur veel punten is misgelopen in die periode na de winterstop."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.