Fan Spaanske IC nei Amstel Gold Race: "Befoarrjocht dat ik op de fyts stappe kin"

Hartthijs de Vries © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Nei fiif jier fan drûchte stiet der dit wykein wer in Fries oan de start fan de Amstel Gold Race. Hartthijs de Vries nimt it stokje oer fan Pieter Weening en makket him op foar syn debút.
De fraach oft hy karakter hat beäntwurdet De Vries mei in beskieden laits. "Ik tink dat it oan oaren is om dat te beoardieljen. Mar ik sil net gau opjaan, nee."
Dat de hurdfytser út Kollum yndied net gau de holle hingje lit, docht wol bliken út it ferrin fan syn karriêre. "Dat is der ien fan ups en downs. Der is it nedige bard."

Talintfolle junioar

De Vries stie yn syn junioaretiid te boek as in grut talint. De hurdfytsploech Roompot-Nederlandse Loterij pikte him op en bea him yn septimber 2017 in kontrakt oan.
Mei it setten fan syn hantekening liet De Vries syn grutte dream yn ferfolling gean: profrider wurde.
Hartthijs de Vries doe't hy foar de opliedingsploech fan Rabobank fytste © Orange Pictures
Hertritmesteurnissen en bykommende problematyk makken lykwols dat hy, noch foar't er ek mar ien koers riden hie, syn kontrakt alwer ynlevere.
"Dat wie fansels net leuk om te dwaan. Ik ha altyd dwaande west om op it heechste nivo te kommen en úteinlik, troch meardere dingen, slagge dat net mear."

It ferlies fan syn heit

Dochs gie it nei in skoftke wer better en noch dyselde simmer waard De Vries Nederlânsk kampioen tiidriden by de beloften. "Dat wie yn juny. Flak dernei is ús heit siik wurden."
Inkele wiken nei syn Nederlânske titel krige De Vries it minne berjocht dat syn heit, de âld-hurdfytser Thijs de Vries, longkanker hie. Nei in siikbêd fan oardel jier ferstoar hy op 9 april 2020 op 56-jierrige leeftiid.
"Doe foel ik wer yn it mindere diel."
Instagrampost fan Hartthijs de Vries © Eigen foto
Hoewol't it in swiere tiid wie foar De Vries, rekke hy syn passy foar de koers nea kwyt.
"2022 wie it earste seizoen dat ik echt wer goed op nivo wie. Ik hie doe ek echt de ambysje om noch in stap te setten."

Tour de Tietema

Ferskate ploegen toanden ynteresse en der kaam sels in konkreet oanbod fan in profteam. Ek Tour de Tietema-Unibet, op dat stuit noch in amateurploech, kloppe oan.
"It wie wol echt in bewuste kar om nei Tour de Tietema te gean", seit De Vries.
"Sy woene yn it twadde jier ek graach it profsirkwy yn, dus wat dat oanbelanget hie ik eins itselde perspektyf. Boppedat seach ik in soad potinsje yn de ploech, ek troch it hiele mediastik."

Grut ferskil mei Roompot en Rabobank

Efterôf die bliken dat it in goede beslissing wie, want hy fielt him bot thús yn it "freoneteam".
"As ik de sfear fan no ferlykje mei dy fan Roompot of de opliedingsploech fan Rabobank, dan is dat wol echt totaal ferskillend."
"Der wie yn dy teams folle mear in hâlding fan 'de sterksten bliuwe oer'", fertelt De Vries. "It komt miskien ek omdat ik doe jonger wie en dêrtroch dingen oars opfette, mar it wie net altyd hiel gesellich sis mar."
Hartthijs de Vries yn it tsjil fan Mathieu van der Poel © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Hoewol't hy yn 2023 in falske start belibbe mei in swier trainingsûngelok yn Spanje - De Vries bruts meardere bonken, hie in harsenskodding en in klaplong - die hy fan him sprekke yn de twadde helte fan it seizoen. Sa wûn hy it einklassemint fan de meardaagse etappekoers Kreiz Breizh.
Hartthijs de Vries wûn yn 2023 it einklassemint fan Kreiz Breizh © Joren Benjamins/Tour de Tietema
As kers op 'e taart gie syn grutte dream ôfrûne winter op 'e nij yn ferfolling. TdT-Unibet promovearre nei it prokontinintale nivo en De Vries waard wer prof.
Eindelik? "Ja, fansels fielt dat sa. Mar ik bin der de ôfrûne jierren altyd yn bleaun liuwen dat it wer slagje soe. Ik ha eins altyd witten dat ik it nivo hie. It kaam der troch hiel folle dingen allinnich net út."

Ronde fan Antalya

Yntusken is dat wol it gefal. Al by de earste wedstriid fan dit seizoen liet De Vries syn skonken sprekke en wûn hy de lêste etappe fan de Ronde fan Antalya. Dêrnjonken naam hy ek noch ris de griene puntetrui mei nei hús.
"Dat wie wol echt in befêstiging en in befrijing. Dat it nei al dy jierren eindelik slagge wie dochs wol echt lekker."
Hartthijs de Vries won yn de Ronde fan Antalya de fjirde etappe en it punteklassemint © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Trochdat TdT-Unibet no in prokontinintale status hat, kin it team ek útnûge wurde foar wedstriden op it WorldTour-nivo - de saneamde Champions League fan it hurdfytsen.

Amstel Gold Race

De earste grutte krêftmjitting op dit heechste nivo stiet yntusken op it programma: de Amstel Gold Race fan snein.
"It is hiel spesjaal. Ik seach as jonkje altyd nei dy koers en ik kin my noch in soad finales tebinnenbringe", seit De Vries, dy't bot útsjocht nei syn debút. "Ik fyn it super moai om dêr te riden, hielendal mei dit team."
Ik hoopje earne yn de finale mei te dwaan, dat soe hiel moai wêze.
Hartthijs de Vries
De fraach oft hy de earste Fries op it poadium wurdt laket hy lykwols fuort. "It poadium is tink ik hiel ambisjeus. Ik hoopje earne yn de finale mei te dwaan, dat soe al hiel moai wêze."
Hartthijs de Vries is de achtste Fries dy't meidocht oan de Amstel Gold Race, Johannes Draaijer wie de earste yn 1989 © Omrop Fryslân
Foar de takomst stiet dielnimme oan ien fan de trije grutte rondes heech op it listje, en dan yn it bysûnder de Tour de France.
De Vries hopet dy etappekoers ea te riden, it leafst yn tsjinst fan TdT-Unibet.
"Ik wie de earste dy't by de ploech kaam en it soe hiel moai wêze as we parallel trochgroeie kinne nei it heechste nivo. Ik leau ek dat dat kin."
Hartthijs de Vries en Josse Wester nei de oerwinning yn de Ronde fan Antalya © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Hoe't it ek rinne sil, De Vries genietet yn elts gefal fan de rûte dy't him yn Frankryk bringe moat. Dat er dit kin, is in grut ferskil mei earder.
"Foarhinne wie ik te bot dwaande mei wat der komme soe en tocht ik tefolle nei. It is foar my no folle frijer en ik genietsje mear fan wat ik doch en fan it hiele proses", fertelt hy.
"Ik fiel my ek wol befoarrjocht dat ik eltse dei op de fyts stappe kin en dwaan mei wat ik moai fyn. Ik ha gewoan hiel folle drive om it te realisearjen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.