Ljouwert wol âlde waachflier in nij plak jaan yn it gemeentehûs

Stientsje foar stientsje waard de flier út de grûn wei helle © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De flier fan de midsiuwske stedswaach fan Ljouwert moat yn de hal fan it gemeentehûs komme. Dat is alteast it foarstel fan it kolleezje fan Ljouwert.
De giele en reade stiennen kamen ferline jier yn jannewaris foar it ljocht by graafwurk.
De gemeente woe it Waagplein fergrienje, dat joech archeologen de kâns om ûndersyk yn de grûn te dwaan. Sy fûnen rêsten fan in midsiuwske waach, de foarrinner fan it hjoeddeiske waachgebou.

Bedobbe histoarje

De midsiuwske waach stie der yn elts gefal yn 1483 al. Der waard hannelsguod woegen, benammen suvelprodukten lykas tsiis en bûter.
De âlde waach stie krekt wat mear yn 'e rjochting fan de Wurdumerdyk en waard om 1597 hinne ferfongen. It gebou sels ferdwûn, mar de flier bleau ûnder de grûn bewarre.
Yn 'e midden de âlde waach, op in kaart út 1560 fan Jacob van Deventer © Historisch Centrum Leeuwarden
Alle stiennen binne der stik foar stik úthelle en yn kratten bewarre. Se koene net bûtendoar bliuwe, want ûnder de iepen loft soene de stiennen fergean. In trochsichtige flier dêroerhinne is ek gjin opsje, om't dat fochtproblemen opsmyt.

Trije plakken ûndersocht

Yn opdracht fan it kolleezje is der dêrom in trijetal opsjes ûndersocht om de histoarysk weardefolle stiennen op 'e nij earne te pleatsen. Dy lokaasjes binne Natuurmuseum Fryslân, it Fries Lanbouwmuseum en it gemeentehûs fan Ljouwert.
Yn earste ynstânsje wie ek de Stadswaag gadingmakker. Dizze lunchroom sit yn it hjoeddeiske waachgebou dat boud is ta ferfanging fan de midsiuwske waach. Mar de eksploitant wie úteinlik net mear ynteresearre.
De stiennen yn de flier fan de âlde waach wiene yn damboerdpatroan lein © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
In archeolooch fan de gemeente hat dy lokaasjes yn 'e mande mei de Archeologische Werkgroep Leeuwarden beoardiele.
Der is ûnder oare sjoen nei werkenberens op it plak en de mooglikheden om dêr de skiednis fan de waachflier te fertellen, mar ek nei technyske betingsten. Sa moatte de stiennen net tefolle slite.
Natuurmuseum Fryslân hat eins gjin in link mei de âlde Waach en yn it Fries Landbouwmuseum soe mar in part fan de flier ferwurke wurde kinne. By beide plakken soe dat te'n koste gean fan de werkenberens fan de flier.

Foarkar foar it gemeentehûs

It gemeentehûs oan it Aldehoustertsjerkhôf hat dêrom de foarkar krigen. Der wurde op dit stuit plannen makke om de hal fan it gemeentehûs op 'e nij yn te rjochtsjen.
De flier kin der yn syn totaliteit dellein wurde en troch de publyksfunksje fan it gemeentehûs kin it ferhaal yn potinsje in soad minsken oansprekke.
It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Boargemaster en wethâlders hawwe de gemeenteried yn in brief ynformearre oe de stân fan de werbestimming.
De kommende perioade moat noch útrekkene wurde wat de kosten wurde en hoe't de werbefluorring krekt útfierd wurde kin. Dêrnei kin it beslút naam wurde oft it plan echt trochgiet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.