HEA! Skiep mei humor

Skiep hawwe ek humor. Dat ûnderfynt skieppehoeder Marieke van Schuppen alle dagen. Se genietet fan de karakters fan de bisten, dy't allegearre oars binne.
It is topdrokte by it beweidingsbedriuw fan Van Schuppen en har partner yn Gersleat. 220 skiep fan de keppel lamje dizze dagen. De heideskiep rêde harsels goed by it smiten, mar Marieke hâldt wol yn 'e gaten oft alles goed giet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.