Jouster musikus stelt Westerbork-projekt út fanwege antysemitysk klimaat
In projekt oer deportaasjes nei kamp Westerbork wurdt foarearst útsteld. Dat hat te krijen mei in klimaat fan antysemitisme, seit musikus Jan Vermaning fan De Jouwer.
Vermaning wie earder de driuwende krêft efter it yndrukwekkende 'Er reed een trein naar Sobibor': in unyk projekt wêryn't Sobibor-oerlibjende Jules Schelvis syn persoanlike ferhaal fertelde, ôfwiksele mei klassike muzyk fan it Nationaal Symfonisch Kamerorkest ûnder lieding fan Jan Vermaning.
Yn in nij projekt 'Verhalen langs het spoor' wurde de ferhalen oer de deportaasjes nei Westerbork ferteld.
Ut respekt foar dy Joadske mienskip ha we dit projekt dochs mar efkes on-hold set.
It soe dêrby gean om ferhalen dy't keppele binne oan it Westborkpad, in kuierrûte fan 355 kilometer fan Amsterdam nei Westerbork. "Ferlykber mei it Pieterpad. Lâns it paad lizze fansels allegear ferhalen."
Fûle reaksjes
De ideeën foar dit nije projekt binne lykwols foarearst yn de iiskast set, fanwege it antysemityske klimaat dat op dit stuit hearsket. Neffens Vermaning lûkt de publisiteit om sa'n projekt hinne in swiere wiksel op de Joadske mienskip yn ús lân.
"Misken fiele har troch de fûle reaksjes écht bedrige. Miskien moatte je dat negearje, mar út respekt foar dy Joadske mienskip ha we dit projekt dochs mar efkes on-hold set", seit Vermaning.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Vermaning hopet dat it eardere Sobibor-projekt de kommende tiid noch yn de belangstelling bliuwt en minsken dêr fan learen bliuwe. Foar dat projekt is er no in eigen webside kaam en binne der ek lespakketten yn meardere talen by makke.