Sneinsrêst, karbid en oaljekoeken: tradysjes botse yn noardeasten fan Fryslân

It karbidsjitten set wat letter útein dit jier yn guon gemeenten © ANP
Aldjiersdei falt op in snein en dat is te fernimmen yn it noardeasten: tradisjoneel it meast tsjerklike part fan Fryslân. De sneinsrêst jildt nammentlik net allinne foar de oaljekoekeferkeap yn Dantumadiel, mar ek foar it karbidsjitten yn in tal gemeenten.
Yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel mei dit jier op âldjiersdei pas nei 11.00 oere mei karbid sketten wurde. En dus net om 8.00 oere al, sa't gewoanwei it gefal is.
It komt om't âldjiersdei dit jier op in snein falt en de gemeenten mei de sneinsrêst rekken hâlde wolle. Tradisjoneel is it groepke gemeenten yn it noardeasten fan de provinsje noch it meast tsjerklik.

It tsjerklike noardeasten

Yn 2016 hat it CBS in grut ûndersyk opset nei it leauwen yn Nederlân. Dat liet sjen dat yn Achtkarspelen, Dantumadiel en de eardere gemeenten Dongeradiel en Ferwerderadiel (opgien yn Noardeast-Fryslân) tusken de 31 en 47 persint fan de ynwenners noch alle moannen nei in tsjerketsjinst gie. Ta ferliking: yn in gemeente as Ljouwert wie dat minder as 14 persint.
Yn de tsjerke fan Damwâld © Omrop Fryslân
Ek de persintaazjes mei ûntsjerkliken leine yn it noardeasten noch relatyf leech, yn Dantumadiel en Achtkarspelen bygelyks tusken de 30 en 40 persint.
Sa'n ûndersyk nei tsjerkliken yn alle gemeenten is nei 2016 net wer dien, mar in oar ûndersyk fan dit jier, wêrby't Fryslân yn trije parten ferdield is, lit sjen dat it noardlike part fan de provinsje noch hieltyd religieuzer is as it suden.

Wat letter knalle

De gemeentebestjoeren hâlde rekken mei it leauwen. Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen makke tiisdei bekend dat it karbidsjitten fanwegen de snein wat letter úteinset.
Eltse gemeente kin soks foar himsels beslute, jout de boargemaster oan. "It karbidsjitten is in moaie tradysje, mar it is no wol op in snein. Der binne ek minsken dy't moarns nei de tsjerke geane en op âldjiersdei werom sjogge op it jier. Wy sizze: dan past it net as flakby de tsjerke om 8.00 oere al mei karbid sketten wurdt."
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel giet mei yn dat beslút en op dy wize hat de plysje yn dy regio ek dúdlike regels om op te hanthavenjen.

Gjin betizing

Oare gemeenten beslute dat der moarns wol mei karbid sketten wurde mei, mar ûnder tsjerketiid wurdt in oerke stilte ferwachte.
"Wy fûnen dat wat betizing jaan, ek foar de karbidploegen", seit boargemaster Brouwer dêroer. "Dan binne se krekt begûn en dan moatte se wer efkes ophâlde. En je kinne je ek ôffreegje hoe goed soks te hantearjen is. Wy hawwe ûndûbelsinnich sein: 11.00 oere begjinne."
Wy sette net by eltse karbidbus in plysjeman del.
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen
Brouwer kin fansels net garandearje dat elts him dêr ek echt oan hâldt. "Karbidsjitten is wat fan de mienskip en moat dêr ek draachflak hawwe. Dit binne de regels, wy geane derfan út dat men har dêroan hâldt. Mar wy sette net by eltse karbidbus in plysjeman del."

De 'oaljekoekegate'

In oare kwestje is de ferkeap fan oaljekoeken, dêr't ôfrûne moanne yn Dantumadiel diskusje oer ûntstie. Gerard Mollema woe graach yn syn kream oaljekoeken ferkeapje yn De Westereen, mar de gemeente kiest foar sneinsrêst. Mollema wykt dêrtroch út nei Kollum.
Dat der mei de snein rekken hâlden wurdt, is opnaam yn it koälysje-akkoart. It gemeentebestjoer wol dan ek gjin ûntheffing jaan op 31 desimber. In teloarstelling foar Mollema, om't 31 desimber foar him dé dei fan it jier is.

Glydzjende skaal

BVNL tsjinne in moasje yn om in útsûndering op de regel te meitsjen, dy't stipe krige fan it CDA. Mar de fjouwer koälysjepartijen (ChristenUnie, SGP, Sociaal Links en Gemeente Belangen Dantumadiel) hâlde fêst oan harren stânpunt.
"Soene wy it wol dwaan, dan sizze de bakkers: wy meie ek net. En de supermerken wolle ek oaljekoeken ferkeapje. Wy dogge in soad minsken tekoart as wy dêr yn meigeane", fynt Thea Smit-de Vries fan de ChristenUnie.
De SGP fynt ek dat de snein wichtiger is as de oaljekoekeferkeap. Sociaal Links is fan miening dat der wol in útsûndering makke wurde kin, mar fynt ek dat sy har hâlde moatte oan ôfspraken mei de koälysjepartners.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.