Melissa Pander fiifde by Regio Songfestival, Limboarch wint
Melissa Pander is mei har ferske 'Foarby' fiifde wurden op de alderearste edysje fan it Regio Songfestival. De winst gie nei Limboarch mei Emmy Ackermans en it ferske ''t Letste rundje'.
Melissa Pander mocht it festival fuortendaliks ôftraapje. It publyk gie út syn dak by 'Foarby' en Pander stie mei har eftergrûnsjongers te pronkjen op it poadium. It wie in flaterleas optreden en se waard beleane mei in grut applaus.
"It gie goed, ik ha genoaten", sei se yn de green room tsjin Bernadette Keizer, dy't it festival mei âld-songfestivaldielnimmer Stefania Liberakakis en Riks Ozinga fan RTV Utrecht presintearre.
Nei Pander wienen de oare tolve acts oan bar. It wie in grut ferskaat oan stilen. Fan rêstige ballades oant in feestnûmer mei rapeleminten. 'Foarby' wie wol ien fan de pear uptempo-ferskes.
Foar Fryslân sieten Sipke Jan Bousema, Wim Brons en Iris Kroes yn de faksjuery. Sy joegen 12 punten oan Grinslân. Wat Aans! naam fuortendaliks in grutte foarsprong, want ek Oerisel, Gelderlân en Seelân fûnen de Grinslanners de bêste.
Dêrnei kaam de kladde der wat yn by Grinslân en Noard-Brabân pakte de kop oer. Oan de ein fan de sjuerystimmen stie Noard-Brabân boppe-oan (120 punten), folge troch Oerisel (113) en Limboarch (112).
Melissa Pander krige 87 punten fan de sjuery: 10 fan Oerisel, 9 fan Rijnmond, Noard-Hollân en Súd-Hollân, 8 fan Limboarch en Noard-Brabân, 7 fan Seelân en Grinslân, 6 fan Gelderlân, 5 fan Drinte en Flevolân en 4 fan Utrecht.
Mar doe moast it publyk noch komme en dat telde foar in tredde mei yn it einresultaat. Minsken hawwe manmachtich op Fryslân stimd, want Pander wie twadde by de publyksstimmen mei 72 punten. Allinnich Grinslân krige mear punten fan it publyk (78).
De einoerwinning gie nei Limboarch. Emmy Ackermans krige fan de sjuerys en it publyk yn totaal 177 punten. Mei 't Letste Rundje' bleau se Noard-Brabân, Oerisel, Grinslân (172 punten) foar.
Pander kaam úteinlik út op 159 punten en dat wie goed foar it fiifde plak. "Ik ha in hartstikke moaie dei hân en ik bin hiel bliid dat Fryslân sa bot stimd hat", sei Pander nei ôfrin fan de show.