HEA! Skûtsjeskippers yn 'e dop

Mooglik binne it de skûtsjeskippers en bemanningsleden fan de takomst, de jongeren dy't meidogge oan de syldei op De Burd by Grou. Hast alle dielnimmers, jongerein fan acht oant achttjin, binne famylje fan de silers yn de SKS en de IFKS.
De jeugdsyldei is bedoeld om de jonge dielnimmers alles oer it skûtsjesilen by te bringen. Guon ha al wat ûnderfining op in skûtsje as peiler of ranjaman. Oaren sjogge it al hielendal foar har dat se letter skipper binne op it skûtsje fan heit.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.