Plysje warskôget boeren foar stellerij GPS út trekkers: "Jou dieven gjin kâns"

GPS-systeem yn in trekker © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De plysje Noard-Nederlân warskôget boeren foar stellerij fan djoere GPS-systemen út trekkers. Yn trije jier tiid sjocht de plysje in groei fan 60 persint yn it oantal stellerijen fan de navigaasjesystemen.
Yn 2019 waard troch boeren yn it Noarden 16 kear oanjefte fan GPS-stellerij dien en yn 2020 gie it oantal meldingen omheech nei 49. Yn it coronajier 2021 sakke dat nei 8 meldingen, mar yn 2022 waard der opnij 49 kear oanjefte dien. It totale skeabedrach yn 2022 wie 1,7 miljoen euro, meldt de plysje.

Omreizgjende bindes

De dieven soene benammen nachts aktyf wêze fan maaie oant septimber, de moannen fan it siedzjen en rispjen. De plysje tinkt dat it om omreizgjende bindes giet, dy't koarte tiid yn in gebiet ferbliuwe en dan taslaan by boerebedriuwen.
Boeren wurdt advisearre de systemen altyd út de trekkers te heljen en yn 'e hûs te bewarjen. Ek it ynstallearjen fan goede ferljochting, in stil alarm of befeiligingskamera's op en om it hiem kin neffens de plysje helpe om stellerij tsjin te gean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.