Hieltyd mear hackers en cyberoanfallen: “Minsken ûnderskatte de risiko’s”

In hack sit tsjintwurdich yn in lyts hoekje. Dêrfoar warskôget eigener Ronald Zijlstra fan OK-PC IT út Burgum.
Der binne de ôfrûne jierren hieltyd mear hackers aktyf, dy't kompjûtersystemen fan bedriuwen en partikulieren platlizze. Dat komt ek omdat de hiele wrâld stadichoan hieltyd mear ôfhinklik wurdt fan apparaten dy't ferbûn binne mei it ynternet.

Doarbel

"Tink mar oan je doarbel of kamera dy't je thús ha", sketst Zijlstra. "Dy ha je kocht, en je tinke dan dat dy feilich is. Mar it kin in yngong wêze foar in hacker om yn it netwurk te kommen."
Zijlstra en syn personiel helpe benammen bedriuwen mei it sa feilich mooglik ynrjochtsjen fan harren netwurk. Ek partikulieren freegje wolris om help, mar it binne benammen bedriuwen of oerheden dêr't hackers harren op rjochtsje.

'Mear as helte út Ruslân'

"Je witte offisjeel net wêr't se weikomme, dy hackers. Mar der is ûndersocht dat mear as de helte fan alle hacks út Ruslân komt. It kin dan lange tiid spionaazje wêze, dat se al dy tiid al meisjogge. Mar it kin ek om sabotaazje gean, lykas ferline wike yn Oekraïne. Dêr waarden alle kompjûters ynienen leechhelle", sa seit Zijlstra.
In soad minsken ûnderskatte de risiko's fan sa'n hack, neffens Zijlstra. Se tinke der faak net by nei hoefolle apparaten oft thús of op it wurk ferbûn binne mei ynternet, en dus mooglik te hacken binne. Mei in pear ienfâldige hannelingen kinne ferfelende situaasjes foarkommen wurde.
"Updates útfiere, dat is hiel wichtich. En brûk net oeral itselde wachtwurd, en slach it feilich op. Dan bist by in hack net al dyn ynformaasje kwyt. Mar dan noch; hûndert prosint digitale feilichheid bestiet net."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.