Nergens soarge de prosesjerûp foar mear oerlêst as yn Fryslân

© ANP

Fryslân foarmet mei Grinslân en Drinte de trije provinsjes dêr't de ikeprosesjerûp dit jier de measte oerlêst feroarsaket. Dat seit it Kenniscentrum Eikenprocessierups.

Fryslân heart ek by de provinsjes dêr't de ikeprosesjerûp it faakst oantroffen is. Dêrtroch is de kâns grut dat hjir ek takom jier de measte fan dizze jokterûpen binne. Neist de noardlike provinsjes, jildt dat ek foar Oerisel en Flevolân.

Brânende eagen en benaudens

Ikekupen litte brânhierkes los, dêr't minsken en bisten bot lêst fan hawwe kinne. De klachten fariearje fan brânende eagen oant hûdirritaasje en benaudens. Yn it algemien wie de oerlêst fan de rûpen dit jier leech, sa seit it kennissintrum.

Yn mar 7 prosint fan de ikebeammen binne rûpen fûn. Yn it pykjier 2019 sieten der rûpen yn 53 prosint fan de ikebeammen.

Der binne ek folle minder ikeprosesjeflinters fongen as yn 'e pykjierren. Yn de noardlike provinsjes troffen de ûndersikers de measte flinters de fal oan, mar dat wiene der noch hieltyd folle minder as foar 2020.

Ynspeksje bliuwt nedich

Op grûn fan it lytse tal fongen flinters foarseit it kennissintrum dat de oerlêst troch pleagen takom jier ek tafalle sil, mar ynspeksje fan ikebeammen bliuwt wol nedich.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.