De Skylger brânwacht hat woansdeitemoarn
in dak blust yn West-Skylge. Troch in tongerynslach fleach in wenning yn 'e brân. De brân ûntstie neidat der woansdeitemoarn flinke tongerbuien oer it eilân lutsen. De brânwacht fan West en Midslân kamen yn aksje.
Der kamen ek ambulânses te plak, mar gjinien rekke ferwûne by de brân.