Schreuder sjit fol oer sneuvele soldaten: "Sy jouwe harren libben foar frijheid"

Jorrit Schreuder © Jorrit Schreuder
It is goed dat Zelensky korrupsje oanpakt, mar de yndruk fan Jorrit Schreuder is dat it al better is as yn it ferline. Yntusken bliuwt de oarloch slachtoffers easkjen. It emosjonearret de Fries om utens bot, hielendal nei't er in soldaat yn in kiste foarbykommen seach.
Yn in buordoarpke kaam de earste deade soldaat fan it doarp werom fan it front. Yn it gebiet binne noch net sa folle slachtoffers weromkaam, ûngefear 60. Mar as dat dan wol bart, hat dat grutte wjerslach.

Op 'e knibbels foar in soldaat dy't sneuvele is

Schreuder en in soad doarpsbewenners giene nei de staasje om de soldaat de lêste eare te bewizen. By de dyk del stienen in soad minsken. Aldere doarpsbewenners rûnen der kilometers foar troch de kjeld.
Op it momint dat de wein mei de kiste foarbykomt, gean de minsken op 'e knibbels. Se hawwe blommen by harren om op de dyk te struien. It rekket Schreuder behoarlik.
"Myn frou gûlde en ik koe it ek net drûch hâlde." Sa seach hy ek yn in stêd yn in de buert in fjouwerbaansdyk fol mei minsken en blommen. Ek as earbetoan fan in omkommen soldaat.
"Hjir binne noch net sa'n soad soldaten omkaam. Kinst dy net foarstelle hoe't dat tichter by it front is. Dêr binne it der noch sa folle mear."
Earbetoan oan in omkommen soldaat © Jorrit Schreuder
Yn it gebiet dêr't de Schreuders wenje, is gjin direkt oarlochsgefaar. Al giet ûnder it ynterview wol in lofttalarm ôf. De lêste tiid ha se wol in hiel soad stroomútfal. Sa'n seis kear deis sitte se sûnder elektrisiteit. Dan is der ek gjin ynternetferkear mooglik. De jiske waard dizze wike foar it earst sûnt seis wiken wer ris ophelle.
Gefaarlik liket it der lykwols net. Wol as je in stikje fierderop reizgje. De frou fan Schreuder gie nei in grutte stêd tichter by de grins mei Ruslân.
Dêr wiene in hiel soad feilichheidsmaatregels. De Oekraïners dêr binne tige benaud dat der 'ferkeard' folk komt. Der binne leafst seis paspoartkontrôlen nedich om yn sa'n stêd te kommen.
Blommen oan de dyk © Jorrit Schreuder
Presidint Zelensky hat dizze wike oankundige de striid oan te gean mei de korrupsje yn it lân. Ferskate regearingsleden en hege amtners leine harren funksje del.
Zelensky jout oan dat hy hurd optrede sil. Neffens Schreuder is dat in goeie saak, al fynt hy wol dat it yn it ferline folle slimmer wie. "Doe't ik hjir 15 jier lyn wurke, wie der folle mear korrupsje. Dat Zelensky it no oanpakt is hiel goed."

'Zelensky hâldt him oan syn beloften'

Schreuder sjocht ek dat Zelensky him hjirmei oan syn beloften hâldt. "Hy hat altyd sein dat hy dit dwaan soe, en no docht hy it." Neffens de Fries om utens is it ek net te ferkeapjen dat der nuvere saken barre mei it jild dat út it westen wei nei it lân giet.
© Jorrit Schreuder
Mar boppe alles giet it no om de oarloch. Zelensky hat manlju oproppen harren te melden foar it leger. Der falle in hiel soad slachtoffers en ûnder de Russen wolle se net libje. "Dat kin net. Wat de Russen dogge is sa ferskriklik."
Schreuder rekket emosjonearre as hy deroer praat: hy sjit fol as hy fertelt oer de soldaten oan it front, dy't fjochtsje foar de frijheid fan harren lân. "It rekket my omdat sy harren libben hjirfoar jouwe. Foar de frijheid fan de Oekraïners."
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje der ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.