Learlingen betinke delsketten finzenen mei krânslizzing yn Dokkum

It monumint yn Dokkum © Keunstwurk
Yn Dokkum is hjoed de jierlikse betinking fan de '22ste januari 1945'. Doe waarden oan de Woudweg 20 finzenen út Ljouwert en Grins fusillearre. It wie in represaille fan de Dútsers.
Learlingen fan It Dockinga College yn Dokkum lizze krânsen by it monumint en der is in programma foar belutsenen en neibesteanden mei taspraken fan ûnder oare boargemaster Kramer.
It Dockinga Collega hat it monumint oan de Woudweg adoptearre en yn de lessen is der alle jierren omtinken foar. Learlingen leare oer de skiednis en ferwurkje dat yn muzyk, gedichten of tekeningen.
Dosint Geethika Schroor oer de betinking
Omdat de 22ste dit jier op in snein foel is de betinking no op moandei.
Wat barde op 22 jannewaris 1945?
Op 22 jannewaris 1945 waarden oan de Woudweg yn Dokkum 20 manlju fusillearre op befel fan de Dútsers. Dit wie as wraak foar in fersetsaksje yn De Falom. By dizze befrijingsaksje oerfoelen fersetsminsken in Dútske auto mei arrestanten. As gefolch dêrfan stoaren in Dútske SD'er en syn sjauffeur. De Dútsers besleaten doe 20 manlju te fusillearjen. Se selektearren finzenen út de finzenis yn Ljouwert, fersetsstriders en Joaden. Dit wiene noch gjin 20 persoanen. De Dútsers wiisden doe noch 11 finzenen oan út de finzenis fan Grinslân, ek fersetsstriders en Joaden. Alle fersetsstriders hiene ek sûnder dizze wraakaksje nei alle gedachten de deastraf krigen. De earste fiif slachtoffers dy't oan de Woudweg fusillearre waarden, kamen út de omkriten fan Dokkum.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.