It jier fan Jorrit Schreuder: "Under de Russen wolle we net libje, dan leaver dea"

Jorrit Schreuder © Jorrit Schreuder
Se hiene in goed libben yn Kiev. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach en syn húshâlding. Mei syn frou en bern wennet er yn in flat oan de súdkant fan de haadstêd fan Oekraïne, mar ein ferline jier kaam dêr feroaring yn.
De geroften waarden sterker en de eangst grutter. Ruslân foel it lân úteinlik oan. It feroare it libben folslein fan de Oekraïners en ek fan de famylje Schreuder.
Der wie fansels wol ûnrêst, yn de grinsregio's fan Oekraïne mei Ruslân. En der waard fansels praat oer de mooglikheden fan in Russyske ynfal, mar de Oekraïners, en ek de frou fan Jorrit, leauden net dat it safier komme soe. De Russen soene it dochs net dwaan? Mar Jorrit Schreuder wie der net gerêst op en sinjalen waarden hieltyd dúdliker. Oant der in koade read ôfjûn waard foar hiel Oekraïne, troch it regear.
Foar Schreuder wie dat it teken dat se fuort moasten. It soarge foar panykoanfallen en sliepeleaze nachten by de Fries om utens. "As dat alles op Kiev ôfkomt, dan wol ik dêr net wêze", wie syn gedachte. Hy regele in fersekeringskaart foar Europa en stapte mei syn gesin yn 'e auto. Se giene nei Roemenië, dêr't er wurke hie en freonen hat.
Se bedarren tsien dagen foar de ynfal fan Ruslân yn in hotel. Schreuder kaam doe noch goed en frij ienfâldich oer de grins. Minsken dy't nei 24 febrewaris flechten, hiene folle gruttere problemen. De Schreuders wiene bliid dat se net mear yn it lân wiene, mar hiene wol grutte soargen oer de famylje en efterbliuwers. "Hoe komt it mei al dy minsken", tocht er.
De help fan de Roemenen wie hertferwaarmjend, fertelt Schreuder. Minsken kamen yn erbarmlike omstannichheden út Oekraïne wei, mar se waarden geweldich opfongen.

Frankryk folgjende stop

Nei in pear wike luts de húshâlding fierder. Underweis kamen se in hiel soad Oekraïners op 'e flecht tsjin. In nuvere gewaarwurding. Frankryk wie it lân dêr't se úteinlik seis moanne yn frede en rêst libje koene. Op de pleats fan in sus fan Schreuder.
© Jorrit Schreuder
De bern koene it ûnderwiis online folgje, oant dat fuortfoel en se nei in Frânske skoalle moasten. De famkes koene lykwols dreech wenne oan dizze sitewaasje. It ûnderwiis wie folslein oars en it gemis fan de freondintsjes en thús wie grut. Yn Kiev waard alles rêstiger en de famylje naam it beslút om werom te gean. Op 9 septimber wiene se wer yn Kiev. "It is myn thús, it is myn basis. We hawwe dêr famylje", seit Schreuder.
De earste nacht dat se wer thús wiene, waarden se fuort wer mei de oarloch konfrontearre. It loftalarm gie ôf. "Dat wie ûnrêstich." Yn oktober gie it wer los mei raketoanfallen: op 10 oktober wiene der fûle klappen. De famylje besleat om nei it plattelân te ferhûzjen, dêr't beppe wennet, en dêr't se de romte pakke kinne om wer op adem te kommen.
Nei dit koarte skoft folge dochs wer it beslút om nei hûs yn Kiev te riden. De bern koene wer les op skoalle folgje, en de situaasje waard in soarte fan 'nij normaal'. De lêste wiken fan 2022 wie it lykwols wer raak: der waarden in soad oanfallen dien troch de Russen. Reden om dochs wer nei it plattelân te gean.
© Omrop Fryslân
© Jorrit Schreuder
© Jorrit Schreuder
© Jorrit Schreuder
© Jorrit Schreuder

Krysttiid op it plattelân en 2023 as hoop

De famylje is fan doel om dizze kear langer op it plattelân te bliuwen. De krystdagen waarden der fierd, al is it wurdt 'fiere' miskien net de goeie beneaming. De feestdagen op it plattelân fan Oekraïne wiene in stik soberder en ek fertrietliker as oars. Minsken yn de omjouwing hawwe allegear famylje of freonen dy't belutsen binne by de oarloch. Se hearre de meast ferskriklike details oer wat de Russen yn Cherson en Bachmoet dogge.
"Der gebeure ferskriklike dingen, en wêrom eins? It is in ûnsinnich gebeuren. Dat docht in soad pine yn de bealch." Schreuder hopet dat it yn de maitiid of de simmer foarby wêze sil. Mei help fan it Westen. "It kin noch in tiid duorje, mar ik haw noch steeds hoop dat it goedkomt."
Fan ûnderhanneljen mei de Russen kin gjin sprake wêze, seit er. Der is gjin Oekraïner dy't ûnder Russysk rezjym libje wol, seit er. "Under de Russen mei alle dingen dy't se hjir útfrette, wolle we net libje. Dan leaver dea en derút."
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje dêr ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.