Famylje Schreuder hat sliepeleaze nachten yn Kiev: "Wat hjir bart is ûnminsklik"

Jorrit Schreuder © Jorrit Schreuder
De raketten bliuwe kommen yn Oekraïne, fernimme Fries om utens Jorrit Schreuder, syn frou en twa dochters. De stroom, ferwaarming en it wetter falle faak lang út. It wurdt der net nofliker op yn Kiev.
De âld-Sweachster giet nei it plattelân fan Oekraïne ta, om wat by te kommen en te sliepen. Schreuder fynt dat sy it noch treffe yn de haadstêd.
Op guon oare plakken hawwe minsken it folle dreger. Om noch mar net te praten oer de soldaten oan it front of de soldaten dy't ferwûne yn sikehuzen lizze.
De twa dochters fan Schreuder binne dizze dagen drok mei it skriuwen fan briefkes en kaarten en it meitsjen fan tekeningen foar de soldaten dy't yn it sikehûs lizze. "We hope you love it", skriuwe se by ûnder oare in tekening fan in Russysk skip dat sinkt.
Dochters fan Jorrit Schreuder tekenje foar soldaten © Omrop Fryslân
Ek de frou fan Schreuder is drok mei help. Sy bringt koeken en klean nei plakken dêr't se fierder ferspraat wurde foar minsken dy't se brûke kinne.
"De Oekraïners helpe inoar en hâlde fol. Sy bliuwe rêstich", fertelt Schreuder. "Sels yn it ferkear binne wy freonliker tsjin inoar", laket hy.

Krystbeam mei Nederlânske flagge

Ferline wike like it derop dat der gjin krystbeam op it sintrale plein yn Kiev komme soe. Mar der stiet no dochs ien. Schreuder fertelt dat der Nederlânske flachjes yn hingje omdat de beam der troch help fan Nederlân kaam is en ek ferljochte wurdt.
Fierders is it in sober barren wat de krysttiid oanbelanget. De famylje hat sels gjin beam. Sy reizgje moarn nei it plattelân ôf. Dêr wennet 'beppe', de skoanmem fan Schreuder.
Op it plattelân fielt benammen syn frou har feiliger. Se bliuwe der nei alle gedachten langer en de bern krije dan online les op skoalle.
De krystbeam © Omrop Fryslân
De lêste wiken binne der hieltyd raketoanfallen. Sy komme net del tichtby de flat dêr't de famylje wennet, mar it docht in grut berop op de senuwen. De nachten binne lang en faak mar mei in bytsje sliep.
"By alles wat je hearre tinke je: wat is dat? Der binne in hiel soad generatoaren en dat lûd liket op strieljagers. Dat makket ûnrêstich."

Sliepeleaze nachten

De frou fan Schreuder sliept der hast hielendal net fan en wol echt út Kiev wei. It docht wat mei it moed as je der lang yn sitte, seit Schreuder. Hoewol't hy ek wit dat it op oare plakken folle slimmer is. "It is ferskriklik. Der binne 16.000 raketten op Oekraïne ôffjurre. 16.000. It is ôfgryslik."
Tekenje yn it tsjuster © Omrop Fryslân
Presidint Zelensky is hat foar it earst sûnt der oarloch begûn syn lân ferlitten foar in besite oan de Feriene Steaten. Doe't Schreuder dat hearde skrok hy earst wol. "Ik tocht, no sille de bommen dochs net komme?"
De presidinten Zelensky en Biden moetsje inoar © ANP
Hy fynt it wol in goeie saak dat de presidint dit docht. "Face-to-face kin hy miskien better fertelle dat it hiel wichtich is dat Oekraïne holpen bliuwe wurde moat."

Spylbal fan de grutte machten

"Wy krije wol wapens, mar wy krije fan alles om efkes te oerlibjen." It liket wol oft Oekraïne ien grut oefenterrein is foar lannen om wapens te probearjen, tinkt Schreuder. "Oekraïne is in spylbal fan de grutte machten. Wat hjir bart is ûnminsklik."
Zelensky is in held, fynt Schreuder. Hy docht neffens him in soad foar it folk. "Alle dagen sprekt hy it lân ta. Hy is in komediant dy't presidint waard. Oare presidinten wiene presidint en waarden komediant. It is de omkearde wrâld."
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje dêr ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.