Ek yn Kiev wurde de krystdagen gewoan fierd, mar frede op ierde is fier fuort
We rinne nei de krystdagen. In tiid dy't oars ek yn Kiev fierd wurdt. Mar frede op ierde is fier fuort yn Oekraïne. Woansdeitemoarn wie der wer in oanfal fan de Russen op Kiev. Der foelen gjin ferwûnen, mar de skrik bliuwt wol.
Jorrit Schreuder seach it barren en fielde him der net noflik by. De famylje Schreuder giet nije wike rjochting it plattelân.
It wie seis oere doe't it los gie. It loftalaarm gie ôf en Schreuder gie fuort nei ûnderen om noch wat wetter yn in amer te krijen. Faak rekket de stroom en ek it wetter derôf nei sa'n oanfal. De binnenstêd waard troffen, mar der wiene ek ûntploffingen tichter by de wyk dêr't se wenje. It fleanfjild leit flakby en waard rekke.
Reekplommen en ljochtstrielen
"Ik seach reekplommen foarbykommen en letter ek ljochtstrielen mei reek derefter en in grutte fjoerbal yn de stêd. Doe't ik it rút iepen die, hearde ik mitrailleurlûd. Soldaten sjitte mei mitrailleurs op de drones fan de Russen, dat sil it west hawwe."
Schreuder is oars net sa benaud, mar dit kaam wol tichteby en it fielde nuver. Syn frou is noch nerveuzer oer de situaasje en wol graach nei har mem, 200 kilometer fierderop.
Nije wike, as de skoalle fan de dochters fakânsje krijt, dan giet de húshâlding dy kant op. Nei alle gedachten bliuwe se dan de rest fan de winter, omdat der ferwachte wurdt dat de oanfallen yn febrewaris wer folle yntinser wurde.
Yn de stêd giet it libben sa goed en sa kwea as it giet fierder. Keunstwurken binne mei sânsekken ynpakt om se te beskermjen tsjin eventuele oanfallen. Op in soad plakken stean útbaarnde auto's en tanks. Dy bliuwe stean. It jout in sinister byld yn de snie.
Mar dêrtuskentroch rinne de minsken gewoan nei harren wurk of gean te winkeljen. Fan in krystsfear is net echt sprake. Op in hiel soad plakken steane generatoaren om de stroom op gong te hâlden, it is in behoarlik kabaal yn de stêd.
Gewoanwei stiet der in hiel grutte krystbeam yn de binnenstêd. Dy is der no noch net en ek de krystmerk mei bygelyks glühwein is der net. Dat kin noch komme, tinkt Schreuder, mar wis is hy der net fan.
Dochs is der wol in soad krystguod te keap yn de winkels. Krystballen en oare spullen foar bygelyks de krystbeam lizze der folop yn de winkels en etalaazjes. Ek de famylje Schreuder set de beam gewoan op.
Op de fraach oft minsken wol nocht ha om sok spul no te keapjen, seit Schreuder dat it wol it gefal is. "Minsken ha dochs ferlet fan dy sfear en de waarmte."
Ek op de skoalle fan syn bern waard in krystmerk hâlden. Dêr waarden ek ingeltsjes en oar guod ferkocht. Minsken besykje sa gewoan mooglik troch te libjen en dan heart dat der ek by.
Ek de krystdagen fiere giet gewoan troch. De gesellichheid fan de famylje en freonen binne hiel wichtich yn dizze tiden. Dêrom giet Schreuder ek mei syn húshâlding nei skoanmem.
Frede op ierde is lykwols fier fuort foar de Oekraïners. "We tinke oan al dy minsken dy't no gjin hûs hawwe en by it front sitte. Dat is ferskriklik. Mar we moatte troch. Foar de frede en it gelok."