Krapte yn berne-opfang hâldt oan: no sa'n 100 fakatueren yn Fryslân

Op in berne-opfang © ANP
Yn de provinsje Fryslân steane op dit stuit sa'n 100 fakatueren iepen yn de berne-opfang. De krapte spilet al in skoft. Lanlik giet it om in tekoart fan 5.000 meiwurkers.
Dit docht bliken út in analyze fan it UWV. Neffens dy organisaasje is it wichtich om de krapte op te lossen, om't sy ek merke dat it ynfloed hat op krapte yn oare sektoaren. Want berne-opfang is foar âlden in wichtige rânebetingst om wurkje te kinnen.
Der moat hieltyd faker in groep sletten wurde om't der te min pedagogysk meiwurkers beskikber binne. Mocht it kabinet beslute om oer in pear jier in grut part fan it oeretaryf te fergoedzjen foar de berne-opfang, dan is de ferwachting dat de krapte noch grutter wurdt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.