Seis Steatefraksjes hawwe noed oer ferkeap gasfjilden: 'Wat is de NAM oan it dwaan?'

De gaslokaasje yn Ternaard © ANP Foto
De Steatefraksjes fan GrienLinks, FNP, PvdA, PvdD, SP en D66 hawwe noed oer de ûntwikkelingen by de NAM, de ferkeap fan de gasfjilden, de gaswinning en de Waadsee. Se stelle dêrom fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
"We vragen ons af wat de NAM allemaal uitspookt", seit Jochem Knol fan GrienLinks út namme fan de seis partijen. In part fan de gasfjilden komt te keap te stean. De fraksjes wolle witte wat dêr de bedoeling fan is en wa't dy gasfjilden en fergunningen aanst keapje sil. "Hoe voorkomen we straks schade bij aardgaswinningen in Fryslân en onder de Waddenzee?"

Advizen

It ministearje fan Ekonomyske Saken krijt by beslútfoarming de advizen fan it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM), it Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut (KNMI) en de Nederlandse Organisatie voor toegepast-natuurwetenschappelijk onderzoek (TNO) oer de gefolgen en risiko's fan gaswinning.
Neffens de partijen die út ferhoaren troch de parlemintêre gaswinningsenkête bliken dat de advizen fan SodM yn it ferline oan de kant lein waarden. De partijen wolle dêrom dat dizze advizen sa gau as mooglik iepenbier wurde.

Ien fergunning

De fraksjes freegje ta beslút oft it kolleezje tinkt dat it gasfjild by Ternaard bûten de ferkeap holden wurde kin. "Wij vinden dat er géén vergunning afgegeven kan worden voor het gasveld bij Ternaard onder de Waddenzee. Verkopen van dat gasveld maakt dat nog ingewikkelder dan het nu al is. Niet doen, dus", seit Knol.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.