Skriuwster Janny van der Molen wie yn Moskou: "Foar my wie Gorbatsjov in held"
De lêste presidint fan de Sovjet-Uny, Michail Gorbatsjov, is op 91-jierrige leeftiid stoarn. Doe't skriuwster Janny van der Molen yn 2011 yn Moskou wie, ferwachte se dat minsken dêr - krekt as yn it Westen - in posityf byld fan Gorbatsjov ha soenen. "Mar se sjogge dêr hiel oars nei him."
Van der Molen hie yn har boek 'Helden' omtinken foar ûnder oare Gorbatsjov, de lêste lieder fan de Sovjet-Uny. "Foar my wie hy in held", seit Van der Molen. "Wat him in held makke, wie dat er besleat om net yn te gripen, doe't it folk om feroaring frege."
Yn Hongarije en Tsjechoslowakije barde dat earder wol: foargongers fan Gorbatsjov stjoerden dêr militêren en tanken nei ta, doe't it folk yn opstân komme woe. "Mar hy stribbe echt in hiel oare polityk nei. Dat makket him in held."
Begryplik foar bern
It boek fan Van der Molen is foar bern fan in jier as 10 of 11. Se moast in fertaalslach betinke om it ferhaal begryplik te meitsjen foar bern. Se griep in besite fan Gorbatsjov oan East-Berlyn oan, dêr't Gorbatsjov ek in moeting hie mei Erich Honecker, lieder fan East-Dútslân.
"Foar it ferhaal ha ik in jonkje betocht dat yn West-Berlyn wennet, mar famylje hat yn it Easten. Hy baalt derfan dat er dêr noait hinne kin en dus skriuwt er in brief oan Gorbatsjov: 'kinne jo mei Honecker prate, want dy muorre moat fuort'. En syn blydskip is fansels grut as dy muorre ek falt, hy tinkt dat dat troch syn brief komt."
Fanwegen har boek waard Van der Molen yn Moskou útnûge troch de Nederlânske ambassade dêr. "Dêr wie in soad ûngemak yn ûnderwiislân en ûnder âlders: hoe fertelle we it ferhaal fan it kommunisme op in hjoeddeistige manier?"
Earder wie der altyd sensuer, dus leararen en âlders wisten net hoe't se it op in kreative manier útlizze moasten, fertelt Van der Molen. "De ambassade fûn dit boek in leuke manier en seinen: dit is moai om yn Moskou te presintearjen, miskien ha se der wat oan." Sadwaande wie de skriuwster in pear dagen yn de Russyske haadstêd.
Dêr lei de ekonomy noch op syn gat en de lytse politike elite siet noch hieltyd yn it seal.
Dêr kaam se derachter dat it byld oer Gorbatsjov yn Ruslân hiel oars is as yn it Westen. "Wy sieten yn Europa yn de jûchheistimming: we tochten dat alles oars wurde soe, Gorbatsjov hie yntusken ek de Nobelpriis foar de frede krigen. Mar dêr lei de ekonomy noch op syn gat en de lytse politike elite siet noch hieltyd yn it seal."
Mei oare wurden: "Dy prachtige frijheid - dy't wy de minsken dêr sa gunden - dat ha sy hielendal net sa ûnderfûn."
Van der Molen tinkt dat guon Russen no wol ferlet ha soenen fan in nije Gorbatsjov. "Mar dan ien dy't echt trochpakke kin. De politike elite is sitten bleaun. Dat makket in minske wol hiel synysk, ast op dy perioade weromsjochst."
Se freget har ek ôf hoe't Gorbatsjov dizze tiid belibje soe. "Ik tink dat er der fertriet fan hân hat. Hy hat in soad ynternasjonale erkenning foar syn ynset krigen, hy hat echt wat bewurkstelligje wollen. It like der even op dat dat slagge, mar al hiel gau wie dat dien."
Obama-biblioteek
Oft Gorbatsjov Van der Molen har boek oait lêzen hat, wit se net. "Ik fantasearje wolris dat it op syn nachtkastke lein hat, mar ik ha der noait wat fan heard. As er it oait sjoen hat, is dat foar my genôch."
In oare wrâldlieder is wol bekend mei it boek, fertelt se. "Doe't dizze earste ferzje fan it boek útkaam, stienen der noch trije libjende minsken yn: Mandela, Obama en Gorbatsjov. De Obama Library priizge it boek fan Van der Molen oan, dat wie wol hiel moai."