Massale kokkelstjerte op it Waad
It Waad leit troch it waarme waar fol deade kokkels. Ut ferskate dielen fan de Waadsee komme meldingen dat in soad skulpdieren deagongen binne, lykas earder ek al yn 2018 en 2019.
Dat is min nijs foar fûgels dy't ôfhinklik binne fan dy kokkels, seit ûndersiker Roeland Bom fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ).
By Gryn binne hiel grutte oantallen deade, benammen jonge kokkels fûn. Under It Amelân liket it wat better, mar dêr lizze wer in soad deade, gruttere, âldere kokkels. Ek út de omjouwing fan Skiermûntseach komme berjochten dat it dêr mis is, sa sizze de ûndersikers fan it NIOZ.
Gryn
Sy seagen it as earste misgean by Gryn. Nei alle gedachten is in kombinaasje fan in hiel leech tij op krekt it waarmste momint fan de dei de oarsaak fan de grutte stjerte.
Mientsen (kanoeten) rekkenje op benammen jonge kokkels as fretten foardat sy fierder op trek gean nei it suden ta. De âldere kokkels binne wichtich foar eiders en strânljippen.
'Dit sil faker foarkomme'
Undersiker Bom:" We denken dat het duidelijk iets is wat we vaker gaan zien met de steeds warmere zomers."
It fuortbestean fan de kokkel stiet net op it spul. Der binne mar in pear nedich om harren wer gau fermearderje te kinnen.
It op tiid beskikber komme fan dy kokkels foar de fûgels is in hiel oar ferhaal. Ek binne der hânkokkelers dy't foar harren ynkomsten ôfhinklik binne fan kokkels.
Bom oer de fûgels: "Het gaat in principe niet goed met de scholekster, de eidereend en de kanoet. Het idee is dat dat ligt aan een gebrek aan voedsel. Het kan zijn dat dit direct gevolgen heeft voor de populaties van deze vogels."
"Ik zeg dit wel met een kanttekening, want we hopen dit in de nabije toekomst nog verder te gaan onderzoeken. En dat is eigenlijk ook wat we nu doen. We zijn nu de voedselbestanden aan het opnemen. Tegelijkertijd wordt er intensief gekeken naar die vogels. Zo proberen we te achterhalen hoe ze reageren op de veranderende wereld."
Nonnetje
Foar de mients jildt ek noch dat dy fûgelsoart briedt yn arktyske gebieten. Klimaatferoarings soargje dêr op dit stuit ek al foar grutte feroarings.
Der is wol wat alternatyf fretten beskikber, lykas it nonnetje. Neidiel dêrfan is dat it nonnetje in folle lytsere skulp is, wêrby't de fûgels folle mear enerzjy ferbrûke moatte om oan genôch fretten te kommen.