Op 'e nij 0-0 foar Cambuur, no yn oefenwedstriid

Jasper ter Heide yn de oefenwedstriid tsjin De Graafschap © Dijks Fotografie
Yn in besletten oefenwedstriid yn Epe hat SC Cambuur fan 'e middei mei 0-0 lykspile tsjin De Graafschap.
By de Ljouwerters stienen benammen spilers oan de ôftraap dy't ôfrûne wykein yn de kompetysjewedstriid tsjin Utrecht net meidienen, lykas Calvin Mac-Intosch, Sekou Sylla, Sam Hendriks en Jasper ter Heide. Ek nije oanwinst Sai van Wermeskerken kaam yn aksje. Dêrnjonken wienen der minuten foar tsien jeugdspilers.
Kommende sneon spilet Cambuur syn tredde earedivyzjewedstriid fan dit seizoen, út tsjin Fortuna Sittard.
Opstelling Cambuur: Ruiter; Van Wermeskerken (60/Zorgdrager), Mac-Intosch (60/Hettinga), Smand (60/Anyasi), Sylla (60/Veldman); Breij (60/Pichel), Ter Heide (60/Van Mameren), Paulissen (60/Timan); Sambissa (60/Sango), Boere (60/Van der Kaap) en Hendriks (60/Rehmi)

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.