Lodeweges, Gijsman en Van Dekken nije leden Ried fan Kommissarissen sc Hearrenfean

Dwight Lodeweges © Orange Pictures
Dennis Gijsman, Dwight Lodeweges en Martin van Dekken sille fan 1 jannewaris ôf lid wurde fan de Ried fan Kommissarissen (RvC) fan Sportklup Hearrenfean.
Sy folgje respektyflik Egbert van Hes, Henny Groot Kormelink en Willem Jan van Elsacker op. De kommissarissen dy't fuort gean, bliuwe yn it nije jier noch wol in skoftke beskikber foar stipe oan de nije RvC.

Omset nei 20 miljoen

De klup hat as doelstelling dat de omset yn it seizoen 2024/25 20 miljoen euro wêze moat. Boppedat wol Hearrenfean struktureel yn it linkerrychje fan de earedivyzje einigje. De klup seit dat dy koers mei de nije kommissarissen trochset wurde moat.
Dennis Gijsman wurdt de nije foarsitter fan de RvC. Hy siet al in skoft yn it stichtingsbestjoer fan sc Hearrenfean. Yn it deistich libben is hy direkteur fan Van Vuuren út Grou, in leveransier fan doaren yn de bou.

Lodeweges werom

Dwight Lodeweges sil him dwaande hâlde mei de technyske saken. Hy wie yn 2014/15 trainer by Hearrenfean en siet it seizoen dêrfoar op de bank by SC Cambuur. Fan 2018 oant 2021 wie hy assistint-trainer fan de bûnscoaches Ronald Koeman en Frank de Boer. Takom jier is Lodeweges trainer fan VVOG, dat útkomt yn de tredde divyzje.
It finansjele part komt yn hannen te lizzen fan Martin van Dekken. Hy wurke yn it ferline as accountant en hy hat no in eigen bedriuw dat finansjele advizen jout. Earder siet hy ûnder mear yn de technyske kommisje fan Harkemase Boys.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.