Slop optreden Cambuur ferrast Henk de Jong: "Mar bin bliid dat it no bart"
Oer presys twa wiken stiet de earste kompetysjewedstriid foar SC Cambuur op it programma. Der moat noch wol wat barre, is de konklúzje nei it ferlies tsjin PEC Zwolle justerjûn (3-1). Trainer Henk de Jong fynt dat wol moai: "Ik bin der super-, superbliid mei."
Supporters fan Cambuur roppe om fersterkingen. Technysk manager Foeke Booy sei fan 'e wike al by Omrop Fryslân dat er dêr drok mei dwaande is.
"Dat giet de goede kant op", wit Henk de Jong. "Dat moat ek, want oer twa wiken is it sa fier. Mar we moatte ek nei Floris Smand sjen. Dy kaam de twadde helte deryn. As der gjinien bykomt, dan moat hy gewoan spylje. Hy is 19 jier en docht it fantastysk."
Mar it heljen fan nije spilers lost net alles op, fynt De Jong. "Yn it tinken moat it ek better. Keihurd spylje. Foarich jier skopte Van Polen hast de poat fan Hoedemakers dwerstroch. No krige er wer de kâns, dat mei ús net barre."
Wy steane achteryn soms mei triennen yn 'e eagen.
De trainer is hurd foar syn spilers nei it ferlies. "We ha fan sekonde 1 ôf op de kloaten krigen. Ik jou de kompliminten oan Van Polen en Van Hintum: dy witte wat winnen is. Wy steane achteryn soms mei triennen yn 'e eagen. Dat moat oars."
It ferraste De Jong dat syn ploech sa slop begûn. "We moatte folle skerper wêze. Dat jildt ek foar ús spits. Dy lange moat ek folle better. We ha kânsen genôch hân, it hie 3-3 of 4-4 wêze moatten. Dus achteryn, mar ek foaryn moat it better."
Hy hat der fertrouwen yn dat it wol yn de groep sit. "Ik ferwachtsje ek myn eigen jonges dat se folle hurder wurde. Doe't we 2-0 achter stienen, kaam dat wol. Dêr bin ik grutsk op. Mar we ferlieze de wedstriid wol yn it begjin."
Al mei al fynt de Drachtster it perfekt, dizze oefenwedstriid op dit momint. "It hat foar ús in geweldige wedstriid west. Ik bin bliid dat it no bart, oer twa wiken moat it oars wêze."