Noardtribune fan it Abe Lenstra Stadion moat út foarsoarch ferstevige wurde

Feanfans op de Noardtribune © Orange Pictures
De noardtribune yn it Abe Lenstra Stadion moat út foarsoarch ferstevige wurde. Neffens sc Hearrenfean foldocht de tribune gewoanwei oan de noarmen, mar kin de maksimale belêsting yn ekstreme gefallen heger wêze.
Dat de tribune yn oarder is neffens it Boubeslút, docht bliken út ûndersyk, sa ferklearret de klup. Mar yn ekstreme gefallen soe it sa wêze kinne dat der safolle gewicht op de tribune komt, dat it dochs oer de noarmen hinne giet.

Konstruksje-advys

Op advys fan de konstrukteur fan it stadion wurdt de konstruksje fan de tribune sterker makke, sa't dy yn alle situaasjes tarikkend is. De fersterking wurdt dien yn opdracht fan Sportstad as ferhierder fan it stadion.
Algemien direkteur Cees Roozemond seit dat de feiligens fan de supporters foarop stiet. "De tribune moet springende en juichende supporters te allen tijde kunnen dragen. We willen niets aan het toeval overlaten."
Cees Roozemond oer wat der gebeure moat:
"Er is niet zo heel veel mis, maar uit voorzorg nemen we wat maatregelen. Daarom brengen we extra versteviging in het onderste gedeelte van het stavak."
It brûken fan it stadion is ek oars as earder. "Vroeger waren mensen veel meer gewend om te blijven zitten of te blijven staan op hun plek. Nu gaan we met z'n allen springen als er gescoord was. De belasting is veel groter dan in het verleden."
Roozemond garandearret dat it op it stuit net ûnfeilich is. "Absoluut niet. Maar we willen vermijden dat het onveilig wordt."
We moatte noch wol efkes sjen wa't dit betelje moat, mar dêr komme we wol út.
Rinse Bleeker, algemien direkteur fan Sportstad Heerenveen
Rinse Bleeker, de algemien direkteur fan Sportstad Heerenveen, seit dat de kosten te oersjen binne: "We moatte noch wol efkes sjen wa't dit betelje moat, mar dêr komme we wol út."
Oer wat der krekt gebeure moat: "Der komme stempels ûnder de tribune. Sjochst se eins net. Dit is in tydlike oplossing. Dêrnei moatte we sjen oft we nei in strukturele oplossing ta moatte."

'Undersyk yn alle stadions nedich'

Op 17 oktober ferline jier stoarte in diel fan it útfak fan it Goffertstadion yn Nijmegen yn, doe't supporters fan útklup Vitesse op en del oan it springen wienen om de 0-1-oerwinning te fieren.
Nei dat ynsidint moasten alle stadions yn Nederlân neisjen litte hoefolle belesting oft harren tribunes oankinne. Dat wie de oanbefelling fan yngenieursburo RoyalHaskoningDHV, dat ûndersyk die nei it ynstoarten fan de tribune yn it Goffertstadion.
Dat wie ek sa by Hearrenfean, seit Bleeker. "Nei it ûngemak yn Nijmegen by NEC ha se test hoe't de belesting hjir no is. Dêrút kaam dat we dit oanpasse moatte."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.