Dit wie de smoardrokke tredde dei fan de Tall Ships Races yn Harns
Tank foar it folgjen!
Noch even sfear priuwe
It skema foar moarn
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is de hiele dei bûten, mar sjocht ek even binnen. Hy is by de captain's briefing: Frans Papp leit oan alle kapiteins út hoe't se moarn útfarre moatte.
Hiel simpel is it net, leit Henk Emmink fan dyselde organisaasje út. "We gaan naar Antwerpen, maar we zijn wel gebonden aan het hoge water. Sommige schepen steken meer dan zes meter diep, dus we zijn afhankelijk van het water. Bovendien moeten ze allemaal in een bepaalde volgorde, ze mogen ook niet allemaal tegelijk."
Minsken út Antwerpen binne der ek. Dy lizze út hoe't de skippen wer binnen komme yn de Belgyske havenstêd.
It earste skip giet om 13.00 los, de Dar Mlodziezy út Poalen. Dat is ek fuort it grutste skip. "In totaal duurt het wel een uur of drie", ferwachtet Emmink.
Lange rigen
Sail a Future: boadskip foar in moaie takomst
Ien fan de projekten dit wykein yn Harns is Sail a Future. Op in grut seil fan sa'n 20 meter heech steane allegear boadskippen. It is in inisjatyf fan Hetty van der Linden en Lammert Ossinga.
"We vragen de kinderen om een neverending love letter to the ocean te maken", fertelt Van der Linden. "Tekenen, schrijven, wat ze maar willen. En die boodschap gaat mee de wereld over, op dit zeil. Later maken we er tassen van en die bieden we dan aan als kerstpakket."
Belûke by it evenemint
Mei it projekt hoopje se de jonge bern by it evenemint te belûken, seit Ossinga. "Bern fan 15 oant 25 jier kinne meisile op in skip, mar de bern dêrûnder noch net. En sa fiele se har belutsen by de skippen. We moatte se ek net ûnderskatte, want se witte folle mear as dat wy tinke. We moatte mear nei de bern lústerje, yn plak fan dat we se fertelle hoe't it moat."
Ien fan de jonge dielnimmers is Nykle Kuiken. Dy tekenet in wrâldbol. "Als symbool dat we de aarde moeten redden, daar heeft het project ook mee te maken. Door te veel CO2-uitstoot smelten de ijskappen, dan kan het waterniveau stijgen en dan lopen we hier in Nederland gevaar."
KNRM is der ek
Even ynbrekke by it shantykoar
Willem Vermeltfoort fernielt de boel
It is lekker drok
Omtinken foar it miljeu
Ien fan de 'boaten' dy't dizze dagen omfart yn de haven fan Harns, is it flot Sterke Yerke IV. Der stiet in behoarlike wyn, mar dêr makket kapitein Frank Vergnes him gjin soargen oer. "Daar hebben we bemanning voor. Dat moet ook wel, want er komt een hoop bij kijken."
It flot fart alle twa oeren út. "Dan vertrekken we met een groep mensen, die dan anderhalf uur langs de schepen varen. We gaan ook een stukje naar buiten, om het echte Waddengevoel te krijgen."
Foar it miljeu
Wilfred de Jong wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de Sterke Yerke. Al sûnt it earste flot, yn 1974, is er derby belutsen. "De eerste keer mislukte, de tweede keer hebben we Engeland gehaald. En met de Sterke Yerke III besloten we om de Atlantische Oceaan over te steken. Toen zijn we bij Bonaire op de klippen gelopen."
It flot is der ek om omtinken foar it miljeu te krijen. By eardere Sterke Yerkes gong it om de oaljefersmoarging, no om de plestiksop. "Dat willen we onder de aandacht brengen. We hopen jongeren enthousiast te maken om beter aan het milieu te denken."
It reuzerêd yn
Foarsitter Jan Reier Arends giet it reuzerêd yn. Dat reuzerêd stie in wike lyn noch yn it Deenske Esbjerg, mar is dêr ôfbrutsen doe't de skippen de haven ferlieten.
Arends, dy't der yn 2014 foar soarge dat de Tall Ships Races nei Harns kamen, is wiis mei hoe't it no giet. "Het gaat heel goed. Met name vandaag verwachten we grote groepen, maar morgen ook, tijdens de Sail Out. Dit worden de topdagen."
Hy hat al ferskate hichtepunten meimakke. "Het captain's dinner bijvoorbeeld. Dan hoor je dat ze een mooie tocht naar Harlingen gehad hebben, en dat trainees een mooie ervaring hebben opgedaan. En ook de crew parade van gistermiddag was een van de hoogtepunten."
Arends sjocht ek út nei de Sail Out fan moarn. "Dan vaart alles weg en krijg je een brok in je keel. Hier hebben we drie jaar lang heel veel werk voor verzet. Dan neem ik even een momentje voor mezelf, de rest van de dag is het rennen en vliegen."
Bûnte merk
De drokte yn Harns nimt ta, der binne al in soad minsken op de bûnte merk op de Suderhaven.
De haven troch op de Jonge Seun
De echte drokte begjint hjoed fan 11.00 oere ôf, mar de earste minsken binne al yn de haven. Foar in tocht op de elektryske fearpont Jonge Seun bygelyks.
Jouke Frieswijk is frijwilliger op de fearpont. "Er zijn ongeveer zestig vrijwilligers, maar we kunnen nog meer mensen gebruiken. Het is prachtig werk. En het mooie is dat je mensen blij maakt!"
'Drokste jûn op de haven oait'
It is net bekend hoefolle minsken oft der justerjûn krekt wienen by optredens fan in ABBA-coverband yn Harns, mar in soad Harnzers sprekke fan de 'drokste jûn op de haven oait'.
100.000 minsken?
De tredde dei fan it Tall Ships-evenemint yn Harns is los. Hjoed binne der alderhande aktiviteiten yn de binnenstêd, mei in soad muzyk en oare ferdivedaasje.
Der wurde in hiel soad minsken ferwachte, seit ferslachjouwer Willem Vermeltfoort. "Fjouwer jier lyn kamen der, ferdield oer fjouwer dagen, sa'n 335.000 minsken nei Harns ta. En tongersdei en freed wienen der al in protte leafhawwers fan dy machtige skippen, mar de foarige kear wie de sneon de drokste dei. Doe wienen der sa'n 100.000 minsken. Dat is hjoed ek de ferwachting."
Bûnte tafrielen by de crew parade
Juster wie it de dei fan ûnder oare de crew parade, mei in soad bûnte tafrielen. Hjir kinst dat nochris weromsjen.
Goeiemoarn
Goeiemoarn! Yn dit liveblog bliuwst op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen by de Tall Ships Races yn Harns. En hjir fynst al it nijs oer de Tall Ships Races op ien plak.