Dit wie earste dei fan de Tall Ships Races yn Harns
Oant moarn
Dit de ein fan dit liveblog, wêryn't wy de earste dei fan de Tall Ships Races yn Harns folgen. Moarn binne wy der wer op radio, telefyzje en ynternet.
Tank foar it folgjen!
Foarsitter Tallships Harlingen: "Hier kun je eigenlijk alleen maar van dromen"
Jan Reier Arends is ien fan de minsken dy't der yn 2014 foar soarge dat de Tall Ships Races nei Harns kamen. Hy is hjoed-de-dei noch hieltyd foarsitter fan Tallships Harlingen en sjocht werom op in moaie earste dei. "Dit was super, wij zijn vanochtend vroeg uitgevaren. Dan kom je één voor één die schepen tegen, mooi opgepoetst, zeilen omhoog, allemaal vlaggen. Dat is natuurlijk een fantastisch plaatje."
Neffens him wie it waar hjoed ideaal foar de yntocht fan de skippen. "De weersomstandigheden waren geweldig, de wind was precies uit de goede richting, dat al die schepen mooi voor de wind langs de Pollendam konden zeilen. Daar kun je eigenlijk alleen maar van dromen."
Ferslachjouwer Simone Scheffer sjocht mei Jan Reier Arends werom op de earste dei
Kapitein fan de Wylde Swan: "Fantastysk om sa de haven binnen te kommen"
"It is fantastysk om sa de haven binnen te kommen", seit Tsjerk Hesling Hoekstra, kapitein fan de Wylde Swan. "Tusken alle nasjonale en ynternasjonale tallships. Je wurde hjir mei in feest ûntfongen."
Op it skip is de sfear ûnder de bemanning goed, seit Hoekstra. "Doe't we oan board stapten wiene wy gelyk in team. De trainees draaie 24 oeren per dei mei, se dogge mei mei iten siede, syl sette, navigearje en se binne tige entûsjast, dus it jout ús ek wer in soad enerzjy werom."
Yn de haven fan Harns genietsje minsken njonken fan de skippen ek fan live muzyk
De skippen binne allegearre oankommen, besikers kinne de skippen besjen
It folksliet klinkt by de binnenkomst fan de Wylde Swan
By alle tallships klinkt it folksliet fan it lân dêr't de âlde sylskippen weikomme. By de oankomst fan it alderlêste skip, it Fryske tallship de Wylde Swan, is it Frysk folksliet te hearren. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar fear mei op it skip, fan Esbjerg nei Harns ta, en is hjoed op de einbestimming oankommen.
"Wy hienen in groep Friezen en in groep Denen oan board. Dy stiene de earste dagen noch wat los fan inoar", fertelt se. "Mar der binne trije wachten, en dy binne trochinoar, sa is it ien grutte groep wurden. Ek de jongerein hat de ôfrûne dagen mear selsfertrouwen krigen.
Op it Dútske tallship Alexander von Humboldt fearen de ôfrûne dagen twa Fryske froulju mei
De Wylde Swan, it oare Fryske tallship, komt aanst as lêste binnen
It twadde Fryske tallship, de Wylde Swan, komt hjoed as lêste binnen yn de haven fan Harns. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar stiet op dat skip. "Wy sjogge Harns hieltyd tichterby kommen."
Trainee Caitlyn fear de ôfrûne dagen mei op it skip. Se is mei 14 jier it jongste bemanningslid op it skip. "Het was vet gezellig", seit se. "Ik ben de eerste dagen helemaal niet zeeziek geweest. Het is allemaal heel leuk."
Ferslachjouwer Simone Scheffer sjocht by Nederlânsk tallship De Oosterschelde
Fan boppen ôf sjoen is it ek moai
De Thalassa, ien fan de twa Fryske tallships, is binnenkommen yn Harns
Der farre twa Fryske tallships mei by de Tall Ships Races, de Wylde Swan en de Thalassa. Dy lêste is niiskrekt binnenkommen yn de haven fan Harns.
Age Veldboom fertelt oer de bysûnderheden fan de Poalske Dar Młodzieży
De seilen fan de Wylde Swan geane omheech
Age Veldboom oer de Shabab Oman: "Hy is eins splinternij"
De Shabab Oman is ien fan de grutste tallships dy't meidogge oan de Tall Ships Races, seit skûtsjesaakkundige Age Veldboom. It is boppedat in bysûnderen. "Hy is eins splinternij, fan 2013, dus hy is noch gjin tsien jier âld."
It skip is yn Hollân makke, fertelt Veldboom. Hy fynt it in moai skip "mei net te hege dekken" en masten fan "ik tocht fjirtich meter". Hy fynt it wol skande dat der sa'n soad modern guod op sit.
Ferslachjouwer Simone Scheffer is mei Age Veldboom by de Shabab Oman
De Dar Młodzieży
De earste tallships komme oan yn de haven fan Harns
Folgje de Sail In fan de Tallships fia ús livestream
De Sail In is begûn. De âlde sylskippen komme oan yn de haven fan Harns. Age Veldboom jout kommentaar en fertelt wat oer de bysûndere skippen.
Dizze livestream is yntusken ôfrûn.
De earste skippen binne ûnderweis nei de haven fan Harns
Ferslachjouwer Simone Scheffer docht hjoed fan Harns út ferslach fan de Tall Ships Races
Kommissaris fan de Kening Arno Brok: "Wy meie hjir grutsk op wêze"
Arno Brok, de Kommissaris fan de Kening fan Fryslân, is tige wiis mei it evenemint dat hjoed yn Harns úteinset. "In moaie stêd, mei de measte Ryksmonuminten fan Fryslân, en dan sa'n moai grut ynternasjonaal evenemint. Dêr meie we wol grutsk op wêze."
It is in ûntspannen dei foar de Kommissaris, en ek oare Steateleden sille de kommende dagen delkomme yn Harns, fertelt er. "Harns as lytse stêd mei 16.000 ynwenners wurdt hjoed ynienen folle grutter."
Folgje de tallships by Omrop Fryslân
Fan 9.30 oere oant 17.00 oere is alles hjoed te folgjen op telefyzje.
Fan 10.30 oere ôf is in losse livestream te sjen mei allinne sfearbylden.
Om 11.00 oere begjint de Sail In. Age Veldboom jout kommentaar en fertelt wat oer de bysûndere skippen.
Pommeranten oan board
Ferslachjouwer Simone Scheffer wie om acht oere moarns al yn de haven en dêr wie it al flink drok. Guon skippen binne al útfearn om har klear te meitsjen foar de Sail In. By guon skippen stappe pommeranten oan board, lykas politikus Rendert Algra dy't hopet wat te netwurkjen.
Hoe nei Harns?
Minsken dy't nei Harns wolle, kinne de trein út Ljouwert nimme, dy stoppet by Harns haven, midden op it festivalterrein. Foar minsken dy't mei de auto komme: om Harns hinne binne tal fan parkearplakken dy't mei buorden oanjûn stean en mei pindelbussen kinne besikers nei it sintrum.
Klearmeitsje foar de Sail In
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar fear mei op De Wylde Swan fan Esbjerg nei Harns. Hoewol't se alle soarten waar hân ha, fan hurde wyn oant wynstil, hat it har poerbêst foldien.
Juster binne se yn Harns oankaam, mar de skippen moatte - mei gasten oan board - fan 'e moarn earst de haven wer út. Want om 11.00 oere begjint de Sail In, in parade fan alle dielnimmers dy't de haven wer ynkomme. "Dat moat yn in bepaalde folchoarder, de grutte skippen earst en neffens in strak skema."
Direkteur Lieuwe Krol hat der nocht oan. "De wynrjochting is goed en it waait net te hurd. De skippen kinne mei de seilen op binnenkomme. It wurdt machtich!"
Lieuwe Krol
Chenna en Miloeska binne werom, se ha in soad leard
Se woenen stabiler wurde en better karren meitsje kinne, Chenna en Miloeska. It twatal fear mei op De Wylde Swan, ien fan de dielnimmende skippen oan de Tall Ships Races. Woansdeitejûn kamen se wer oan yn de haven fan Harns. Chenna geniete fan de reis. "It wie sa moai op it skip, echt prachtich."
Kaptein Tsjerk Hesling Hoekstra beskreau it meifarren op in skip earder as in 'sosjale snelkookpan'. Dy panne hat ek foar Chenna goed wurk dien. "Krijst sa'n bân mei eltsenien. It wie sa moai. Dochst allegear groepsaktiviteiten en bist kontinu oan it silen. Ik ha ek in protte tiid hân om nei te tinken. It wie in hiele ûnderfining."
Havenmaster Harns: alle skippen plakje jaan is "een echte uitdaging"
It wurk fan in havenmaster by de Tall Ships Races is net maklik: hy moat rekken hâlde mei alderhande ferkearsstreamen: fan boaten fan allegearre ferskillende formaten oant it ferkear op de dyk.
"Je hebt te maken met een divers verkeersaanbod", seit Steef Hofland, meiwurker fan de haventsjinst. "En het is wel van belang dat het allemaal op een veilige manier gaat."
Goeiemoarn
Wolkom by dit liveblog oer de Tall Ships Races. Hjir bringe wy it lêste nijs oer it evenemint. Hjoed is de Sail In fan de skippen dy't út Esbjerg wei nei Harns fearn binne. Op dizze side fynst al it nijs oer de Tall Ships Races op ien plak.