Havenmaster wêze by de Tall Ships Races is 'een hele uitdaging'
It wurk fan in havenmaster by de Tall Ships Races is net maklik: hy moat rekken hâlde mei alderhande ferkearsstreamen: fan boaten fan allegearre ferskillende formaten oant it ferkear op de dyk.
De haventsjinst is te ferlykjen mei de ferkearstoer fan in fleanfjild. It is in kwestje fan tasicht hâlde en oanwizingen jaan.
"Je hebt te maken met een divers verkeersaanbod", seit Steef Hofland, meiwurker fan de haventsjinst. "En het is wel van belang dat het allemaal op een veilige manier gaat."
Tongersdei komme de tallships de haven fan Harns yn. Alle skippen moatte dan in plakje krije en dat is neffens havenmaster Frans Papp in aardige puzel.
"Je moet rekening houden met de diepgang en lengte van de schepen. Alle aspecten moet je zodanig combineren dat je alle meters van kade zo optimaal mogelijk benut. Dat is echt een uitdaging."
De tallships kamen yn 2014 en yn 2018 ek alris nei Harns ta. Der hawwe de meiwurkers fan de haventsjinst bot fan leard. "Wij weten heel goed wat we kunnen verwachten. Op basis van de vorige edities hebben wij ons draaiboek geüpdatet. Daar waar het beter kon, hebben wij dat ook aangepast."