Wetterskip wiis mei Oerterper kwabiel: "Teken fan wetterkwaliteit"

De kwabiel (Lota lota) © Shutterstock.com (vit08)
Wetterskip Fryslân is wiis mei it weromkommen fan de kwabiel, in fisk dêr't men fan tocht dat er útstoarn wie yn Fryslân. De kwabiel dûkte op yn de Libbe Gabriëlsplasse by Oerterp oan de Feart.
Yn 2019 kaam by RAVON (Reptielen Amfibieën Vissen Onderzoek Nederland) in earste melding binnen fan de fisk. "In sportfisker hie him sjoen. Dy hat it by RAVON meld", fertelt Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân.

Lang om let bewiis

Mar no is der ek echt bewiis, oppikt mei in hydrofoon, in apparaat dat lûd ûnder wetter oppikt. De kwabiel makket nammentlik in trommellûd mei har swimblaas yn de peartiid. "De saakkundigen wiene der al in skoftke mei dwaande. Sy wiene út 'e skroeven doe't sy mei dizze ynformaasje kamen", seit Van der Galiën.
Hy tinkt dat it wat seit oer de wetterkwaliteit om de Libbe Gabriëlsplasse hinne. "Dat de fisk weromkomt, is geweldich. It betsjut ek dat de kwaliteit fan it wetter ferbetteret en de fiskpassaazjes wurkje. Want hy moat hjir dochs kaam wêze."
De Libbe Gabriëlsplasse, foar't it driuwende sinnepark der lei © GroenLeven
Mear ferskaat yn fisken betsjut in bettere wetterkwaliteit. "It soe bêst wêze kinne dat er him ek yn de buert wat oan it fersprieden is. Dêrom is it wichtich dat wy der mear oer te witten komme."
"It bysûndere wie dat op in part fan de plasse ek in sinnepanielkonstruksje komme soe, dus dêr moast wol goed nei sjoen wurde. Mar alles kin trochgean, ynklusyf kwabiel." Yn maaie is it sinnepark mei goed 25.000 panielen offisjeel iepene.

"Echt unyk"

"It is echt unyk", seit Van der Galiën. "De fisk komt hast nearne mear foar en yn Fryslân wie er al jierren net mear sinjalearre. Yn Nederlân giet it ek hurd efterút mei de fiskstân."
Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân
De plasse is sa'n tweintich meter djip en dat is goed foar de kwabiel. "Hy moat yn djip wetter libje, dat ek kâld is en by de wâlskanten ûndjip is, sa't er ek pearje kin en iten fynt."
De folgjende stap is om de kwabiel te fangen. "Der sit op syn minst ien, mar nei alle gedachten meardere. No wolle wy mei saakkundigen fan RAVON sjen oft wy guon fange kinne, sa't wy mear te witten komme kinne oer de populaasje yn dizze put."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.