Friezinnen Spitse en Casparij jeie mei Oranjefroulju op nij EK-sukses

Sherida Spitse © Orange Pictures
De ien is rekôrynternasjonal en hat alles al meimakke. De oar sit pas in lyts jier by de seleksje en stiet foar har earste eintoernoai. Fuotbalsters Sherida Spitse en Kerstin Casparij begjinne sneon op it Europeesk kampioenskip.
De Nederlânske frouljusploech is tiisdei ôfreizge nei Ingelân, dêr't it Europeesk kampioenskip spile wurdt. Sneon is de earste wedstriid en dat is fuortendaliks in kreaker tsjin Sweden. Letter folgje noch duels mei Portugal en Switserlân.
It wurdt it sechsde eintoernoai mei de Oranjefroulju foar Sherida Spitse. It binne hichtepunten foar har: "Elke keer is het speciaal en daar voetbal je voor. Dat is waar je elke dag voor traint."
Hoe oars is dat foar Kerstin Casparij. Se is noch mar 21 jier, komt fan It Hearrenfean en makket dit allegear foar it earst mei. Casparij debutearre septimber ferline jier nammentlik yn de seleksje fan de froulju. "Alles is nieuw voor mij. Ik heb er heel erg veel zin in", fertelt se.
Dat Casparij no diel útmakket fan de Nederlânske ploech hat te krijen mei in fernijingsslach dy't makke is. Mei Mark Parsons kaam der in oare bûnscoach, dy't de opdracht krige om troch te selektearjen.
De seleksje is behoarlik ferjonge, fernimt Spitse. "Het is wel veranderd, zowel in de selectie als in de staf. De speelwijze hebben we een aanpassing in gedaan. Dat zijn dingen waaraan we werken en waarin steeds meer op zijn plek valt."
Toen ik begon met voetballen, wist ik niet eens dat je profvoetbalster kon worden.
Kerstin Casparij
Tsien ynterlâns spile Casparij oant no ta. Senuweftich is se dêrtroch eins net mear, ek net foar it EK. "Ik ben er heel nuchter onder dat ik hier mag staan. Ik ben niet zo snel heel zenuwachtig", seit de Feanster fuotbalster, by wa't de Fryske nochterheid goed fan pas komt.
Al beseft de 21-jierrige Casparij wol dat it bysûnder is dat se hjir stiet. En meidwaan mei oan it EK. "Toen ik begon met voetballen, wist ik niet eens dat je profvoetbalster kon worden. Vooral sinds 2017 is het een droom om dat zelf ook te kunnen meemaken. Die droom wordt nu werkelijkheid, dus dat is hartstikke mooi."
Kerstin Casparij © Orange Pictures
Mei 2017 doelt Casparij op de Europeeske titel dy't Nederlân yn dat jier behelle. It betsjut dat de Oranjefroulju de titelferdigener is foar dit EK. "Iedereen wil tegen ons winnen omdat we de titelhouder zijn", wit Spitse.
It betsjut neffens har net dat Nederlân ek de favoryt is. "Er zijn veel meer landen die heel goed zijn op dit moment. Ik denk dat het een heel spannend en leuk toernooi wordt."

Soad tsjinstân

Fan hokker lannen ferwacht Spitse de measte tsjinstân? "Zweden is een goed land dat het altijd goed doet op toernooien. Frankrijk, Engeland, Spanje, Duitsland en ik denk dat ik nog wel een paar vergeet."
Fan Spitse is de kâns grut dat se in soad spyltiid krijt. Se is in fêste wearde as middenfjilder. Dat leit wat oars foar Casparij.
Se liket har rjochtsje te moatten op in plak as ynfalster. "Ik hoop lekker wat spelen, maar ik ga het op me af laten komen", seit Casparij. "Ik hoop gewoon dat wij het als team heel goed gaan doen, dat staat bij mij stijf bovenaan."
De spylster fan FC Twente sit by de seleksje as rjochterferdigener. Dat wylst se yn har tiid by de froulju fan sc Hearrenfean noch middenfjilder wie. "Het is een rol waarin ik heb moeten groeien. Het ligt me goed en het is een positie die ik heel erg fijn vind, in het systeem dat we hier spelen."
Sherida Spitse wurdt huldige foar har 200ste ynterlân © Orange Pictures
Spitse stiet dus oan de foarjûn fan har sechsde eintoernoai mei de Oranjeliuwinnen. Se spile al 202 ynterlâns en is dêrmei fierwei rekôrhâldster. Dêrfoar waard se de ôfrûne wiken ferskate kearen yn it sintsje set.
De fuotbalster fan Ajax ferlinge koartlyn it kontrakt by har klup mei trije jier. En dat wylst se 32 jier is, in leeftiid wêrmei't je gewoanwei wol yn de einfaze fan je karriêre sitte.
As we har freegje oft dit har lêste eintoernoai wurdt, regearret se fûl. "32 vind ik niet oud. Ik voel me goed, fit en vind het nog hartstikke leuk. Als die dingen nog elke keer zo zijn, sta ik hier nog wel eventjes. Hoe meer je mij uitdaagt, hoe meer energie ik krijg en hoe beter ik word. Waarom niet nog langer? Het is maar een getal hè."

It programma fan de Oranjeliuwinnen

- Sneon 9 july 21.00: Nederlân - Sweden
- Woansdei 13 july 21.00: Nederlân - Portugal
- Snein 17 july 18.00: Switserlân - Nederlân

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.